Nederlânske dominânsje reedriders

De foarsitter fan it ynternasjonale reedridersbûn ISU, Ottavio Cinquanta, wol ôf fan de dominânsje fan Nederlân op it langebaanriden. Dat stiet hjoed yn de krante.

De bliidskip oer de kroadefol medailles fan Nederlân is terjochte. Mar Cinquanta hat fansels wol in punt mei syn útspraak. Hy seit: 'Wat is er voor buitenlandse kijkers nou aan als alleen Nederlanders van Nederlanders winnen?' 
Foar de Nederlanners is soks gjin probleem, mar der sit in grut gefaar yn dominânsje. Ik bin bang dat it reedriden bûten Nederlân op stjerren nei dea is. Mar dat we der hjir noch net oan ta binne soks ûnder eagen te sjen. Is ek wol wer te begripen, minsken dy't no dwaande binne yn, en harren jild fertsjinje mei de riderij hâlde fêst oan harren posysje. Logysk. Mar ferstannich? Wat no as der oer fjouwer jier gjin 10 kilometer mear op it program stiet? Dy kâns is oanwêzich, oer acht jier is er yn elts gefal wol fuort. Dêr komt grif in mini maraton foar yn it plak. 

De tsjinstanners sizze: 'Ja, mar Noorwegen wint ek hast alles dat mei skys te meitsjen hat. Dêr hearre jo ek nimmen oer, it giet yn dit soere NL altyd oer riden.' 
Noorwegen wint folle minder as dat jim tinke, sy ha in strieminne olympyske kampanje. Sweden is dizze kear like goed. En noch in oantal lannen. Yn dy sporten is nammentlik wol sprake fan konkunrinsje.

Konkurinsje is goed. Ruslân is yn rou, de iishockeyploech moast en soe goud winne, mar komt net iens op it poadium. Finlân tikke de djoerbetelle NHL en KHL spilers fan it iis. Canada sit mei de hakken oer de sleat yn de heale finales, foar itselde hie Letlân wûn. Konkurinsje makket in sport spannend. 

In middeilang sjen nei yn hokker folchoarder de Nederlanners op it poadium komme is allinnich yn Nederlân trending topic. It spyt my freeslik, mar sa leit it derhinne. En dat is net soer, mar opbouwend bedoeld. Der sil wat barre moatte om de riderij bûten Nederlân wer op de kaart te krijen, oars ferwurdt it ta in lokaal feestje.  

Echt soer binne minsken dy't dat stikem wol yn de gaten ha, mar om dat te ferbloemen in oare (net troch NOCNSF stipe) wintersport mei mislike tweets belachlik meitsje.         

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen