Bleate froulju, CDA en opstien út de deaden

Wy ha fannemiddei efkes in ein om west. It waar liende him der foar en yn beweging is altyd better as nei curling sjen, alhoewol't dat Russyske frouljusteam der blinders wêze mei. Mar it giet om de sport. Dochs mar efkes in foto fan ien fan dy Russinnen? Sjoch, let foaral op dy curlingstien, dêr sil ik jim wat oer fertelle... Lit mar.



Goed, wy kuieren fleurich fierder en kamen oan yn Ald Beets. Dat is opstien út de deaden, op himsels al in wûnder, mar mei mooglik makke troch it CDA, dus dan wurdt it wer wat oannimliker. Ik sil jim in foto sjen litte dêr't it op stiet, dan sjogge jim teminsten net mear nei dy Russyske curlingdame, dy't tige curlje kin, tinkt my. Nee, Ald Beets.

No, moai net? Wy fierderop. En earlik sein hie ik net troch dat it pleatsen fan in pear boerden safolle emoasjes opsmite soe. Want amper oardel kilometer fierder rjochting Nij Beets wie it leger optrommele om de boel rêstich te hâlden. Strategysk opsteld, de antenne's wakker heech yn de loft om ûnrêstskoppers dy't kommendewei wêze koenen der út te filterjen en daliks yn it sângat fan Van der Wiel te miterjen.

Je belibje hjir nochris wat yn de Wâlden as je in eintsje te kuierjen gean. Ik ha ûnderweis trouwens gjin curlingstien sjoen.Wol in kreas frommes. Bin ik hast 20 jier mei troud.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen