'Vuile kuthomo!'

Yn Oeganda witte se wol hoe't se mei homo's ôfweve moatte. De president tekene dizze wike in wet dy't it homo wêzen strafber stelle moat. No stie der op twitter (dat is de nije krante, dus alles is wier) in kaart fan alle lannen dy't homofily strafber fine. It sil jim net fernuverje dat dat foaral Mohammedaanske lannen binne.It sil jim grif ek net fernuverje dat it twitteraccount út de USA komt.
Yn Iran, Mauretanie, Saudi Arabie, Jemen en Soedan meitsje se dien wurk mei sokken, de deastraf. It liket wol oft dêr oeral de deastraf op stiet, as in frou ferkrêfte wurdt is it in skande, dus dan ek de kop mar kwyt, dy yndruk krije jo. De Profeet hat in tige tolerante Mienskip neilitten, it jout neat. Op it kaartsje kinne jo sjen hokker lannen noch mear oan ferfolgjen fan homo's dogge. Yn de och sa freonlike troch Taliban oerhearske falleien yn Pakistan meie fammen net mear nei skoalle. De Profeet sjocht se leaver binnendoar. Ik ha in man sjoen en heard dy't sei: 'In frou hat twa kear it rjocht om bûtendoar te kommen, as se trouwe sil en ferfierd wurde moat nei it hûs fan har man, de twadde kear is as se dea is en nei it hôf brocht wurde moat.' Opnij sil it jim net fernuverje dat dit in man mei in Jasser Arafat sjaal en in lang wyt burd wie.
De blauwe lannen binne it grutte kwea yn de wrâld, dêr mei alles dat god ferbean ha soe. Homo's meie sels de lapen gearsmite. Nuver dat der in soad Islam homo's nei bygelyks Skandinavie emigrearre binne? Nee, dus.

It is wat, al dy oare lannen dy't it sa min foar ha mei dy rothomo's. Nee, dan wy, yn it tige tolerante Nederlân en noch folle tolerantere Fryslân. Wy dogge it goed.

Te uzes hearde ik lêstendeis in jonkje fan in jier as tolve: 'Rot op, vuile swarte kuthomo, gean werom nei dyn eigen lân,' deklamearjen. No binne bern op dy leeftyd tige wif yn it beoardieljen fan saken, mar it feit dat se it roppe jout te tinken. Ek as je witte út hokker fermidden se komme, soe ik der yn guon gefallen noch oan taheakje wolle.
Wy ha in jier as wat lyn yn in provinsje mei fakânsje west dêr't de tsjerkegeande froulju gjin hoofddoek en in bûrka drage, mar in hoed en in rok. It makket net út dat je dy froulju hast oan Jeruzalem ta sjen kinne, sa koart is dy rok, mar as it mar in rok is. Dêr wurdt it net op priis steld dat froulju yn fertsjintwurdigjende en oerheidsrelatearre funksjes bedarje en foech oer de oare (oerhearskjende) sekse krije. God wol soks fansels net. En foar homo's moat om genêzing foar harren kwaal bidden wurde.

Wêrom is Nederlân blau kleure op dit kaartsje? In grut part fan ús lân moat neat, mar dan ek hielendal neat fan homo's ha. 

Te uzes wie it sels yn guon gemeentes sa dat God gjin Frysk ferstean koe. Hie fansels gjin taalknobbel. Dat er allinnich Nederlânsk ferstiet is globaal besjoen frijwat lestich, mar miskien docht er krekt as Sinteklaas en hat er Taalhelpgoaden? Ik wit it net, mar yn oare lannen prate se echt gjin Nederlânsk.

Mar wy dogge hjir alles goed. 





Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'