Dom, dom, dom...

De bydrage fan hjoed giet oer it folslein ûntbrekken fan fyzje as it om subsydzje takennen giet. Hy stiet hjir al sûnt juster, mar hjir no ek.

Ha jim 23-02-2014 al mei in dikke stip yn jim aginda stean? Ik wol. Dan is de finale fan it Olympyske hockeytoernoai yn Sotchi. 

Wat wolle jim eins allegearre besjen op dy winterspullen? Baggy trousers en fluor kleurkes yn de half pipe? 4 mans bobslydzjen? Keunstriden? Dûbel rodeljen? Curling? Freestile skye? Skeleton?
Ik bin gek op wintersporten, mar dan wol echte sporten. Nim my net kwea-ôf, mar ik sjoch mysels no net daliks dûbel rodeljen. Wa’t dêr oanstriid ta hat moat it foaral dwaan, mar lit my mar nei Marit Bjoergen, Therese Johaug en Justina Kowalczyk sjen. Foar dyselden dy’t dizze nammen net kinne: Langlaufen. Prachtige sport. By de manlju sil de Noar Petter Northug it mes wol wer dwers yn de bek ha.
It measte sjoch ik út nei it biatlon. Foar my tegearre mei hockey de moaiste wintersport dy’t der is. As se it dêr oer in sprint ha, dogge se 7.5 of 10 kilometer. Sjoch, dat is oare koeke. Mei folle belêsting op de skys en dan lizzend en steande op fiif skiven sjitte dy’t op 50 meter ôfstân steane en net grutte as in cd binne. Dy kombinaasje makket it ta in skouspul dêr’t by alle wedstriden in berch minsken komme te sjen. Biatlon is in grutte sport. Krekt sa as hockey dat is.
It alpine skyen wurdt troch TV rjochten oerein holden. By de measte wedstriden komme amper minsken te sjen. Skânsspringen is allinnich by de 4 skânstoernee om âldjiersdei hinne populêr. Bobslydzjen, rodeljen en skeleton lûkt in hantsjefol taskôgers.
O ja, dan ha we fansels ek noch de Nederlânske Olympyske Sport. It reedriden. Us nasjonale hobby. Wrâldferneamd yn Thialf. En o ja, der binne rûnom yn de wrâld fantastyske nije banen oanlein foar de Nederlanners, sadat dy harren ûnderlinge kompetysje ek yn Nagano, Calgary, Salt Lake City, Kolomna en Tsjeljabinsk trochsette kinne. Al dy wedstriden op dat bomiis fan Thialf wurdt op in gegeven momint ek flau... Allinnich jammer dat se yn Ruslân tsjinstplichtige soldaten op de tribune sette moatte, oars is der nammentlik gjin hûn dy’t nei dy riderij komt te sjen. Mar de banen binne geweldich.
De jildsjitters moatte mar moai trochgean om de reedriders te stypjen. Neffens my ha se blynkapen op. Reedriden wurdt oer in oantal jierren folkloare. Sjoch mar yn de lannen om jim hinne. Wat is de grutste wintersport? Hockey. Mei ôfstân. En dus stopje wy dêr mar gjin jild mear yn... Snappe jo it noch?
Nederlân rint oer in oantal jierren efter de feiten oan. Eins dogge se dat no al, mar sa lang we hjir de NBA alle wiken op TV sjogge, wylst der yn eigen lân oeral hockeyhallen binne dêr’t we, as we dat wolle soenen, op in behoarlik nivo hockey spylje koenen, feroaret dat net. It is it hingjen bliuwe yn fêste straminen, fêstrustke gedachten en it net sjen wolle fan de potinsje fan it hockey. Jammer. Koartsichtich.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen