Champions League 2014/2015

Oprop oan minsken dy't fierder sjogge as de NOS sportredaksje

Dit jier is it begjin fan in nije kompetysje. De Champions League! No, dy is der al jierren, sille jim sizze. Is ek sa. Mar om ús hinne binne lannen dy't fierder sjogge as fuotbal.

Wat is it gefal: Yn in daverjende Europeeske bekerkompetysje sille 44 hockeyteams útmeitsje hokker team de Champions League 2014/2015 winne sil. O, foar de minsken dy't miene dat ik it oer hockey op in fjild ha, dat is it net. Dit giet oer hockey op it iis.

Yn de wrâld ha je in pear grutte teamsporten dy't mondiale útstrieling ha. Fuotbal en rugby binne twa hiele grutten, dêrnei komt ûnderoare hockey. Ik ha it al folle faker sein, hockey is in wrâldsport. Utsein yn it konservative NOS Nederlân, dat fêst hâldt oan harren gewoante om ús de gearfettings fan de NBA troch de strôt te drukken. De finale fan de Stanley Cup tusken de Los Angeles Kings en de New York Rangers? De WK hockey yn Minsk? Ha jo der wat fan sjoen op ús djoer betelle Studio Ajax klupke?

De arrogânsje dêr't de NOS al jierren Studio Sport en foaral it ultra freeslike Studio Voetbal fol mei plempt, is om gek fan te wurden. It lykje wol politisi dy't ynstitusjonalisearre binne. Der sit totaal, mar dan ek totaal gjin aventuer yn dy klup. Om earlik te wêzen is eltse sint belestingjild der ien te folle, lit de kommersjelen it mar dwaan. As it kommintaar net om oan te hearren is, kin it lûd altyd noch op nul. It hurdfytsen sjoch ik op de Belch, foar it oare is alles online te finen. Wat my oanbelanget soe der ris flink de biezem troch dy Smeets kultuer hinne moatte.

Wy wenje midden tusken de lannen dêrt iishockey alle wiken folle stadions lûkt. Alle freeds en sneins is der yn it seizoen live Hockeynight yn Dútslân, op ynternet. Servus TV, ea as in soarte Veronica begûn, lûkt bergen sjoggers, de stadions yn Hamburg en Berlyn binne like grut as yn de NHL, de heechste hockeykompetysje yn de wrâld. Frankryk, Switserlân, Eastenryk, Sweden, Finlân, Denemarken en alle eastblok lannen, oeral stiet hockey foar folle stadions en geweldige sfear.

Utsein: Yn it NOS Nederlân.

Der sil in streaming op gong komme moatte dy't ûnder de stok op dizze fêstruske belestingfretters op harren ûngelyk wiist. Dat sil online moatte. Dizze NOS sportredaksje liket net yn beweging te krijen, en de sport moat folle mear promoaten wurde om werom te kommen op it nivo dat we ea hienen.

Wat? Ha wy nivo hân?

Dat dacht ik wel. De Nederlânske ploech, mei in soad dûbele paspoart Kandadezen ha op de Olympyske Spullen yn Lake Placid gewoan meidien. Dêrfoar hienen se nivo genôch. Dat kin wer. Foar folle minder jild as by de fuotballers kin der in moaie kompetysje opsetten wurde. Dan kinne je de talinten (dy't der echt wol binne) trochgroeie litte en kinne se miskien yn de Champions League op heech nivo spylje.

Nederlân en België as in soarte fan American Hockey League, it op ien nei heechste nivo. Opliedingskompetysje foar de Champions League teams. Dat soe in doel wêze kinne, mar dan sille der minsken opstean moatte dy't de potinsje fan it hockey op wearde skatte, en dy wurkje op dit stuit net by de NOS. Helaas.        


Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'