Keapsnein?

Yn Drachten, dat hjoed yn de Ljouwerter krante net neamd waard as plak dat wichtich is foar de wurkgelegeheid, dat yn tsjinstelling ta Ljouwert, Snits en It Feen, wolle se op snein de winkels net iepen ha. Fansels kinne jo de tenk folsmite, in pûde patat, in gleske bier of in pizza helje, mar in nije broek wurdt him net.
Yn de ûnderhannelings foar it nije bestjoer fan de gemeente Smellingerlân sneuvele it stânpunt fan D66. Sosjaal en solide belied kaam derfoar yn it plak.

Daliks begjinne dan de jittikmigers te jammerjen dat it Christelijke smaldeel de saak wer oan it trainearjen is. Mar litte wy de saak no ris omdraaie.

Wa fynt it aardich om op snein te wurkjen? Jo? Ik? No, ik yn elts gefal net. As it net oars koe, moast it. Mar wat tinke jo fan al dy ienmanssaakjes dy't troch D66 relatearre ûnsin de doar fan harren winkel ek op de 7e dei fan de wike iepen dwaan moatte? Dy flokke, en dat se gelyk ha. Te lyts om der in betelle krêft yn te setten, te min omset om soks út te finen. En de winst wurdt echt net grutter as je kosten en baten njonken elkoar lizze.
 
In eintsje fytse mei frou en bern.  In slach troch de bosk, in loop oer de seedyk. Efkes wat oars. Mei de luie kont foar de sport. Meie dy lju ferdikke ek ris? Wa is de polityk dat se de winkels perfoast op snein iepen ha wol? Mei wat pech reint it âlde wiven en foarketinen en dêr sitte je dan. Omdat der sa nedich in keapsnein komme moast.

As de winkels op snein iepen wolle, prima. Sels witte. Mar mei elts dat wol sels bepale? En as ik kieze mei tusken in keapsnein en sosjaal en solide belied, mei jo riede wat ik leaver ha.

Reacties

  1. Asto foar sosjaal en solide belied bist bist automatisch tsjin it vrije wurkferkear foar winkellju en minsken dy't wól op snein wurkje wolle. Omdat dat misskien wol de ienige dei is werop jeugd troch studzje as sport wat bûsjild fertsjinje kin.
    Ik bin foar wersto it lêste petear mei ôfslútst. 'Elts moat it foar harsels maar witte'. As se as winkel iepen wêze wolle as net. Lykas de keus dy't klanten hawwe. Gean we op snein nei de winkel as gean we de 'ferplichte' famyljebesykjes dwaan. As (2, as 3x) nei tsjerke. as hielendal neat en lekker chill thús op'e bank as yn'e tún.
    Jo moatte net foar oaren bepale wolle wat se wol as net dwaan moatte. Yn it gefal fan sosjaal en solide belied dogge jo dat wól.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'