It is hjoed in moaie dei

It is hjoed in dei mei in gouden rântsje. Yn minstens twa opsichten.

Yn it foarste plak is it hjoed fansels de langste dei. Dat wol sizze dat de folgjende Tocht der Tochten al mar tichterby komt. En dat is kwa praktyske edukaasje foar de jeugd fan hjoeddedei tige ynspirearjend. Litte we wol wêze, sa stikemwei rint it al wer moai nei de 20(!) jier dat dy hollânske sprútsjetúnker foar master opsloech. Us bern ha gjin idee wat de Tocht is, dus lit mar komme. De beammen sitte stiiffol fruchten, dat ik ha der in goed gefoel oer.

Mar dan... It twadde punt.

It is hjoed in tryste dei foar Mark Rutte en syn wrakseljende kabinet. Statistysk is oantoand dat fanôf hjoed se harren de kont rêde moatte mei it jild dat se ús ûntfytmanne ha. Dit is it, net mear. Wat sei?

Ja, jim wisten it net. Fan 1-1-2014 oant hjoed ha jim foar Mark Rutte en co (de staat der Nederlanden) oan it wurk west. No meie jim foar jimsels oan de slach. De earste helte fan it jier wurkje jo foar de belesting, alles dat op jo rekken komt ferdwynt nei Den Haag, Brussel, en wit ik wêr noch mear hinne. Mar dat soe yn teory hjoed dien wêze moatte.
Hjoed is de dei dat jo foar josels oan it wurk gean kinne. It jild dat jo fertsjinje kin yn in nije breedbyld tv, in opblaaspop, in skilderbeurt foar jo hûs, in fakânsje nei Soedan, in nije fyts, in updeet fan jo gebit, in tattoo fan Wesley Sneijder of Henk de Jong foar de Ljouwerters en/of jo keapje in Frysk boek.

In Frysk boek? Ja. Dy binne te keap. En ynkoarten folget dêr mear nijs oer. Tige Tsjil nijs.

En dat fan it kabinet? Under druk wurdt alles floeiber.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen