And the winner is? Feenstra Flyers!

De Stanley Cup 2014 is wûn troch de Los Angeles Kings. It is de grutste priis dy't je helje kinne yn it iishockey. De Kings ha him foar de twadde kear yn trije seizoenen wûn, dat is fansels gjin tafal. Yn de finalesearje wienen se te sterk foar de New York Rangers. Op de side fan de National Hockey League stienen fiif redens wêrom't de Kings de Rangers ferslein ha.

De djipte fan de seleksje, de fitheid fan de seleksje, de mearwearde fan de Kanadeeske ferdigener Drew Doughty, it fermogen om yn de ferlinging altyd wer in goal te meitsjen en de rêst fan coach Darryl Sutter.

Dat mei allegearre sa wêze, mar earlik sein fyn en fûn ik it spul fan de Kings net om oan te sjen. It is tige effisjint, in foarm fan kick and rush sa as dat yn de legere divysjes fan it Ingelske fuotbal spile wurdt. Dump de puck mar yn in hoeke en soargje yn it gefjocht wat dêrnei komt dat je him krije, lis him ôf nei de blauwe line en sjitte mar, om dêrnei yn de rebound opnij te knokken om de puck der yn te wrotten. Nochris, tige brûkber, dit spultype, mar net moai technysk hockey. Alles basearre op krêft en minder op technyk. Dat is dochs wol wat de trend yn de NHL. Jammer. Ik sjoch leaver nei in moaie pot Dútsk, Sweedsk of KHL hockey dan nei in team as de LA Kings. 

Hoe dan ek, it seizoen sit der op. En as grapke hienen in stik as wat hockeyfanaten in foarsizzing dien oer wa't sy tochten dat winne soe. Nimmen hie it goed, mar de ranglist liicht net en de FeenstraFlyers ha de striid wûn. Dat wie myn foarsizzing. (smiley) 

Frysk

Leaderboard

  Round Points  
Entry Round One Round Two Conf. Finals Stanley Cup Total Champ
FeenstraFlyers 76 75 0 0 151
Jtemming 70 50 0 0 120
Wybergeron 66 50 0 0 116
atcrangers 66 50 0 0 116
dutchCanuck 50 25 0 0 75
Gerard Bos - Blues' Stanley... 53 0 0 0 53
Balkster Oiler 50 0 0 0 50


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen