It ferhaal fan it floeipapierke

Hjoed seach ik in floeipapierke.
Dat soe samar de earste rigel út in boek wêze kinne, mar dat is it net. Hjoed seach ik in floeipapierke. It wie it lêste út it pakje, want it lege omskot lei in meter fierderop. It papierke wie oan in stien plakt. Dy stien sit yn de muorre fan in tsjerke. Flak njonken de yngong fan de tsjerke. In tsjerke dy't moai ferskûle leit yn de beammen.

Wêrom plakt immen syn of har lêste floeike oan in tsjerke? Soks set my oan it tinken. In floeipapierke oan in stien fan in tsjerke plakt. Is it in statement? Is it om oan te jaan dat de persoan dy't it op dy muorre plakt hat no einliks stopje wol mei smoken en dêr God as tsjûge by ha wol? Is it omdat er tinkt dat it...

Ik wit it net. Miskien is it wol út de gek. Mar dêr leau ik eins net yn. As eks smoker wit ik dat it not done is om mei floeikes te knoeien. De persoan hie der folle better noch in peuk fan draaie kinnen. Hie er him of har efkes deljûn op it bankje mei útsjoch op de tsjerke en syn as har gedachten gean litte kinnen. Hat dizze persoan net dien. Dy hat derfoar keazen om it lêste floeike op in stien njonken de doar fan in tsjerke te plakken. En ik bliuw mei de fraach fan it wêrom omrinnen.

Eins fyn ik it in rotstreek, set dan op dat floeike wêrom. IK STOP, of sa. Dan dogge je minsken net oan wat dizze aaklige floeiplakker no mei my dien hat. My omtangelje litte mei de gedachte: hoe soe it no mei de floeiplakker wêze. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen