De falske boadskippers

Yn de Actief fan hjoed, 25 juny 2014, stiet in artikel dat skreaun is troch Marije Blacquière. It stik giet oer in konferinsje dy't as ûnderwerp krimp hie. Tal fan sprekkers wienen oanwêzich, fan âld premier Balkenende, Margreet de Graaf fan Zorgbelang Fryslân oant Biense Dijkstra fan it lykneamige boubedriuw en Albert Jan Kruiter, dy't omskreaun stiet as dosint en ûndersiker 'op het gebied van publieke zaken'. No, ju. Dat is grif in tige wichtige funskje.

Balkenende seit: 'We zijn al decennialang bezig om de verzorgingstaat stapje voor stapje te corrigeren. Een correctie op de doorgeslagen verwachting van wat de staat doet. Het rotsvaste vertrouwen van vele burgers in het sociale systeem waarbij de overheid zorg draagt voor hun welzijn heeft weinig goeds gebracht,' aldus Jan Peter. Sterker: 'De verzorgingsstaat heeft mensen minder weerbaar gemaakt.'

No, dêr bin ik it folslein mei iens. En in hiele soad fan myn lêzers sille dat net wêze, mar dat makket my lekker neat út. De minsken witte hjoeddedei neat mear. As se tsjin in beam ride, sizze se dat der gjin warskôgingsboerd stie, as se it al neifertelle kinne. Dêr hie de oerheid foar soargje moatten.

Sels neitinke is net nedich. It wurdt foar jo dien. Lokkich dat dêr in ein oan komt.

Mar...

De oerheid stjit taken ôf. De Haagse oerheid ha ik dan oer. De gemeenten en foaral de mienskip wurde mei soarchtaken en oare ferantwurdlikheden konfrontearre. Op himsels is dêr ek noch net safolle mis mei, mar ien ding doocht net. Yn alle moaie wurden dy't lju as Balkenende hjiroer sprekke, komt net ien kear it evenredich ferdielen fan middels om dit allegearre mooglik te meitsjen oan de oarder.

Wat bedoel ik? No, om it mar ris plat te sizzen wurde wy aanst fan noch in ekstra kant útklaaid, let mar op. De gemeenten kinne dy taken net oan, finansjeel net en kwa kunde net, dus moat der jild komme.

En jo tinke dat se yn Den Haag sizze: 'Sjoch, hjir ha jim in oantal taken, wy minderje de boargers yn de belesting sadat jim dat wer lyk lûke kinne. Binne wy moai meielkoar rêden.'

Dat is dus it funeste oan dizze moaipraterij. Den Haag wol likefolle jild ha om harren sels mei goud te beklaaien, de gemeenten lizze harren ynwenners aanst toerhege belestings op omdat dy gjin finger efter it deksel fan dy boaiemleaze put yn Den Haag krije kinne.

En wa is de lul? Ien kear riede.

Mar op in gegeven momint keart de wâl it skip. As de groep dy't it opbringe moat sa lyts wurden is trochdat se de holle net mear boppe wetter hâlde kinne omdat se al mar mear útrûpele wurde, is dit belied eindich.

It lân ek, mar dat sil dizze generaasje politisi in soarch wêze.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen