Frustraasje om in doar

Wy wenje yn in hûs. Soks komt faker foar. Der binne ek minsken dy't net yn in hûs wenje, dat kin út oertsjûging of út needsaak wêze. Dêr kinne je al dagen oer prate, mar dat is net it doel fan dit stikje. Wy libje hjir nammentlik mei in nuvere situaasje. Yn ús hûs sitte twa foardoarren. Kom ik daliks op werom.

Wat is it dat minsken nei in bepaalde hoeke lûkt? Krekt as sit der sjerp op?

Yn ús hûs sit in foardoar dy't we net brûke. Jo soenen der fan sizze kinne dat er oerstallich is, mar omdat er midden-yn de foargevel sit, is er tige byldbepalend en dus litte wy dat mar sa. Oan de sydkant fan ús hûs sit de foardoar dy't we dêrfoar brûke. Mei in bel en in lampke der by. Tige werkenber as foardoar.

No binne minsken frijwat nuvere apparaten. Wenje mar 15 jier yn ús hûs en jo binne it mei my iens.

Dus eins is de syddoar de foardoar. Ferkearde titel, mar sa is it al. Mar de minsken skine dat net troch te hawwen. Steane yn de neare nacht op de foardoar te timmerjen, want gjin bel, omdat se miene dat dat de foardoar is. Ek gjin lampe, dus soe der by dy grutte ljochten in lampke baarne kinne, mar nee. Dom op in tichte doar houwe dy't net iepen giet.

Wy ha in plan betocht. Us roomske buorfrou hat in tegeltsje makke, mei de ferwizing nei de foardoar dy't dus eins de syddoar is, mar dat ha ik al útlein. Dêr stiet tige helder op dat de doar dêr't de minsken foar steane, net de foardoar is, mar dat dy dus oan de sydkant is. Pylke der ûnder foar de analfabeten. Klear. Mear kinne wy der net oan dwaan.

No komt it. Wy ha noch in doar...

Wy ha in terras. Mei in terrasdoar. Dy terrasdoar komt streekrjocht út yn de keuken. It is dus net de bedoeling dat minsken dêr del komme, oars is de waarmte der daliks út en wy wenje op trije oerkes deis nei yn dy keuken. No hat it bliken dien dat de minsken dy terrasdoar algemien akseptearre ha as foardoar. Dat is net sa as wy en de yndieling fan it hûs dat betocht ha, want de foardoar sit oan de oare kant fan it hûs, mei de gong der efter. Net de keuken, mar de gong. Dêr kinne jo de jas ophingje en sa.

No moat ik net flokke.

It is sa. Wy ha oan de foarkant fan it terras in skutting mei glês. Dêr grinzet de tún oan. Dêrfoar de bleek. Is gjin tegelpaad te sjen. Net de bedoeling dat minsken dêr del komme, gjin opgong nei it terras of sa. Is der net. Is ek net de bedoeling.

Yn de 15 jier dat wy hjir wenje, ha wy minsken oan de terrasdoar hân mei froast, reinwetter en stoarm. Steane se skiepeftich nei binne te loeren. Hoe se dêr komme? Dwers troch de tún hinne wâde. De drek oan de poaten.

Soenen minsken net tinke, 'Hee, dy doar rint gjin paadsje hinne. Ik leau net dat it gewoan is om de planten dan mar plat te stampen en de boel te fernielen, dus sil ik ris sjen oft der oan de oare kant fan it hûs miskien in foardoar is?' .

Nee. Se wâdzje troch de tún. Ik ha der wol in boerd delsetten mei: DIT IS GJIN FOARDOAR, DY SIT OAN DE OARE KANT.

Holp net. Dwers troch de tún hinne. En mar dom sjen. Dizze wike noch in postboade. Dwaas.

15 jier fjochtsje wy al om de minsken nei de foardoar te krijen, mar ik leau dat it in ferlerne striid is. Ik ha al ris tsjin de frou sein, stel dat we in hikke fan trije meter hichte om ús terras hinne sette soenen, hingje dy sukkels noch yn it gaas om te besykjen der oerhinne te klimmen.

Jim ha wol troch, de frustraasje sit djip. Rin gewoan nei de foardoar, of bliuw der oars mar.

Noch in oplossing: Nim de efterdoar. Dy ha we ek. Hinget ek in belle by. Mar bliuw yn alle gefallen mei de poaten út de tún wei en tink ris nei.
Gjin paad oan dizze kant? Hee, soe dêr ek in reden foar wêze?

JA. Wy ha in foardoar. Twa sels. Mar dat is net dy op it terras. Dat is de terrasdoar. Sjoch mar op it tegeltsje. Jim hoege net iens lêze te kinnen. Buorfrou hat der in pylkje bysette, bline mollen!   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen