Fragaria en De Tocht

Fragaria. De Latynske namme foar snobberij út eigen tún.

Se neame se simmerkeninkjes. En dat binne it. Wy ha der in aardich stikje tún mei fol, mar oare jierren woenen se net. Mar sa no en dan in frucht, wylst je der as de soademiter by wêze moasten, oars hienen de slakken der al mei rêden. Dit jier is alles oars. Wy ha yngreven ûndersyk dien en binne ta de konklúzje kaam dat we se noch mar in jier stean litte moatte. En dat beslút docht fertuten. Wat? Se sitte stiiffol. Net mei fan dy rudige lytskes, mar hearlike, soppige, fjoer- en donkerreade. Bakjes fol ha wy der al ôfhelle, mar der komme alle dagen nije by. Alle dagen iis mei dizze traktaasje fan eigen sângrûn. En slachrjemme.

Wy lykje wol Britten op Wimbledon.

Mar ik moat sizze dat it in soad goedmakket fan dizze oant no ta rampsalige edysje fan 2014. Meane yn febrewaris, skriezen dy't twa kear de guillotine oer harren hinne fleanen sjogge. Wat in idioat jier is dit. Ik ferwachtsje yn novimber de Noorderrondritten en begjin 2015 komt er wer. Kin net oars. De Tocht. Sjoch mar nei de boekebeammen. Yn jierren safolle nutsjes net oan sitten as no.

Meitsje jim mar klear. De horrorwinter dy't ús waarman al jierren foarseit sûnderdat it ta in útdroegen saak komt? Dit jier komt er. 2014/2015. De winter wêrfan't je wisten dat er nochris komme soe. Brrr...

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen