Kiev hat in nije boargemaster. En wat foar ien.

Treflik nijs út Kiev hjoed. Se ha der in nije boargemaster. Sjoch, de kultuer is dêr krekt wat oars as hjir, se wolle dêr noch wolris mei in tredde wrâldkriich drige en sa, dus moat der in boargemaster komme dy't wat yn dat profyl past. Yn dit gefal liket it my dat aardich slagge. Gjin Crone, Van der Zwan of Van Bekkum type, mar ien dy't der daliks op dekt as dat moat. En dan ek wer net in Amerikaanske neppert as Arnold Alois Schwarzenegger, dy't der in syn knokfilmkes wol wreed útsjocht, mar dat is show. Nee, dy Easteuropeanen begripe wat in krisis as dit freget. In slachfeardich man, mei in goede hook, in prima rjochtse direkte en in uppercut dêr't de measte wethâlders wol in dei fan yn de sûs reitsje. Gjin gemier, want oars ha jim mei my te krijen. Ek goed ûnderlein yn de trashtalk, it mei net mis te fersteane wurden in oar mei de grûn gelyk te meitsjen. In soad f..king en sa. Hoe mear hoe better.
Ik tink dat it no wol goed komme sil yn Oekraïne. Oan de boargemaster fan de Hoofdplaats sil it net lizze, dy is der wol klear foar en net fan de benaude. Mocht de Russyske premier Poetin nochris in sparringpartner sykje, is er gjif fan herte útnoege. Mei ik jim foarstelle oan de nije boargemaster fan Kiev: Vitali Klitsjko. Se sizze dat it in demokraat is. 


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen