Ferd Crone de nije Ombudsman?

Dus, Van Woerkom wurdt net de nije ombudsman. It is wat. Stikelstekker hat efkes yngreven ûndersyk dien nei dit nobele amt. Wa ha earder ombudsman west? Frits Bom, hear ik jim tinken. No, hast goed.

It docht bliken dat je tige op je plak binne as ombudsman as je sa min mooglik dogge. Foaral net tsjin de Twadde Keamer yn gean, want dêr kinne de lange teannen net oer. Ek net tefolle misstannen oan it ljocht bringe, dat is not done.

Jo binne ombudsman omdat dy der no ien kear wêze moat. Foar it oare moatte jo goed wêze yn it josels sa min mooglik profilearjen. Dan binne jo in goede ombudsman.

Ja, dy De Jong sit wer lekker populistysk te lullen, hear ik jim wer tinken. No, dat falt te besjen. Sjoch mar ris nei it listje hjirûnder. De man dy't net yn it nijs kaam troch dat wat er eins dwaan moast, it oan de kaak stellen fan misstannen, dy waard opnij beneamd. De oaren net. Te lestich foar de hearen en dame's folksfertsjintwurdigers, blykber.

Prof.dr. Alex F.M. Brenninkmeijer wie de útsûndering op de regel. Twa termijnen. Mar dy twadde beneaming wie in foutsje, want Brenninkmeijer wie ek kritysk. Dom om him dan wer te beneamen, mar it bliuwt minskewurk, dus giet der wol ris wat mis.

Wat moatte je dan? No, jo promovearje sa'n man gewoan fuort nei de boaiemleaze put fan Brussel en Straatsburg. Hy skynt no lid te wêzen fan de Europeeske Rekkenkeamer. Hearre je dus nea wer wat fan.

It hat al mei al no al wer in berch jild koste, mar dêr mei ik fan bepaalde Fryske tenoaren net oer prate, want dy miene dat soks gewoan kin en moat.

Wa moat it no wurde? Ik ha wol in listje. Kies mar.

Wouter Bos
Camiel Eurlings
Diederik Samsom
Stef Blok
Femke Halsema
Alexander Pechtold

Allegearre tige geskikt. Mar ik gean foar Ferd Crone.Of soe dy dan ek, sa as no, alle dagen op TV wolle? Dan soe it by ien termijn bliuwe as de statestiken doge.

Voorgangers en hun bevindingen

  • mr. R. Fernhout, van 1 oktober 1999 tot 1 oktober 2005. Fernhout liet zich bij herhaling zeer kritisch uit over de prestaties van de IND waardoor hij in aanvaring kwam met de Tweede Kamer. Naar eigen zeggen was hij door gezondheidsklachten gedwongen af te zien van een tweede termijn.[1]
  • mr.dr. M. Oosting, van 1 oktober 1987 tot 1 oktober 1999. Oosting is na een eerste termijn waarin hij weinig opvallend was voor een tweede termijn benoemd.
  • prof. dr. J.F. Rang, van 1 januari 1982 tot 1 april 1987. Rang had een scherp oordeel over het functioneren van de ministeries en de politie. Hij werd hierin niet door de Tweede Kamer gesteund. Rang heeft één ambtstermijn gediend.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'