It ôfskie, serious tryst

Wylst der allegearre tsjil nijs is, wie it hjir fannemoarn serious tryst. It fielde as wienen twa freonen my tagelyk ûntfallen. Ik ha se foar dea efterlitten yn in winkel yn Nij Beets. Grutte kâns dat se yntiids al yn in yslik kâlde kontener lizze. Sawat tsien jier hienen wy in relaasje. Dat is net samar wat. As dêr in ein oan komt, docht je dat wat. Yn dizze tsjustere dagen oan de ein fan 2013, it wol mar net moai droech friezend waar wurde en dus sitte wy mei drippende beammen en negative gedachten omdat der gjin natuerlike ljochtterapy is, ek noch ôfkie nimme moatte fan twa maten. It docht sear.
Mei bliidskip kin en mei ik werom tinke oan alle oeren dy't wy meielkoar trochbrocht ha. It wie net altyd feest, sterker, meastal net, mar dochs joech it in goed, waarm, feilich en droech gefoel, dy relaasje fan ús. Sa no en dan slûpte der in skerp foarwerp tusken my en myn freonen, dy ferwideren we daliks.
It is oars net dat ik it myn freonen kado joech. Ik trape, skopte, skjirre en ik moat it wol sizze, ik brocht swiere skea oan, sichtber en net sichtber. Eins ha ik my al dy jierren misdroegen as it om it yn stân hâlden fan ús freonskip gie. It wie myn maten oan te sjen. Der foarmen har skuorren en barsten yn harren oars sa egale, strakke foarkommen. Wreed sette ik harren de hegedrukspuit op de bealch as ik myn nocht fan harren smoargens hie. En nea in wanklank, nea protest. Grut is it ynkassearingsfermogen fan harren west. Ik ha der allinnich mar bewûndering foar as ik der sa op werom sjoch en oer neitink.
Ik ha jim slim tekoart dien. It muoit my, mar ik bin bang dat ik net feroarje sil. Sa bin ik. Ik ha nije learzens. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen