Huistaal

Noch efkes oer Sinteklaas, it is pas 10 desimber dus dat kin noch wol. Je ha fan dy dingen. Sûnder der fierder al te djip op yn te gean: Huistaal. It skynt yn alle relaasjes foar te kommen, de wurden en wizen fan praten dy't allinnich dyselden mei dy relaasje snappe. In apart fenomeen, mar tige werkenber.
In huize De Jong ha wy wat mei fûgels. Mei grutte kloften fûgels om krekt te wêzen. Ien fûgel is aardich, mar makket neat los. Pas as der in soad fan deselden binne, falt it B-wurd. Dat is wol in fereaske, it moatte kloften deselde fûgels wêze, oars is it net goed. Pas dan komme de bylden fan in dame yn in telefoansel wer op jo netflues. Kobben en kriën binne favoryt.

Witte jim wa't Daphne du Maurier is? Ik wie der noch lang net doe't dy yn 1952 in ferhaal skreau. Yn 1963, it jier fan de horrorâlvestêdetocht, ik wie der noch lang net, wie der in sekere Alfred Hitchcock dy't dat ferhaal brûkte om der in film oer te meitsjen.

En dy film ha ik fan Sinteklaas krigen. Dus ynkoarten sille wy de bern op de bank sette en de DVD fan ien fan de klassikers fan it wite doek yn famyljerûnte besjen. Sjips by.



 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen