Goede foarnimmens!

En ja, dêr komme se wer. Alle falske goede foarnimmens foar it nije jier. De hype dy't ien as twa dagen de petearen behearsket. 'En? Hast ek goede foarnimmens?'
'Ja, ik wol minder sûpe, minder smoke en mear bewege.'
'Top, jonge! Goed bezig, man, high five!'
'En do? Wat hasto yn 't sin?'
'Itselde as alle jierren. Dat it kabinet omflikkert, dy dweil fierderop syn poat brekt en dat ik de steatslotterij win. Postcode mei ek, haha!'

Hilariteit alom. Mar gau oan de drank. Loaze beloften en winsken. Oerstallich.

Ik hie 1-1-2013 in oantal goede foarnimmens. Minder nei it nijs harkje en sjen. It is my net slagge. Minder tiid fergrieme oan sosjale media. Ek mislearre. In roman op priemmen sette. Foar in grut part misbeteard. My nergens oan ergerje. Tsja...

Ik ha foar 2014 gjin goede foarnimmens. It is gewoan in kwestje fan trochgean mei dêr't je mei dwaande binne. Is der dan hielendal neat goed gien yn 2013? Tuurlik wol. It measte gie wol aardich. De waskmasine, de boiler, de kuolkast en djipfriezer, it kofjesetapperaat, de ôfwaskmasine, de auto (s!), de printer, se gienen allegearre stikken en moasten fernijd of makke wurde. 2013. Je soenen der hast gek fan wurde. Noch in dei, dan is it 2014. 14 is twa kear 7. 7 is myn geloksgetal, dus ik ha der hege ferwachtings fan. Mar ik nim my neat foar. Dat is bygeloof en dêr hâlde wy net fan...


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen