Brood en spelen

Justermoarn krige ik in berjochtsje mei de fraach oft ik ek mei woe nei Iserlohn. Foar de measten fan jim sil dat net daliks in aha erlebnis opsmite, foar immen dy't gek op hockey is wol.

De Iserlohn Roosters spylje yn de heechste Dútske iishockey league. Dat giet der krekt efkes wat profesjoneler omwei as hjir. Ien fan de eigners fan de klup is in bekende fan in bekende dy't my dan ek wer ken. Sa sawat. Hy hat in fakânsjehûs op 'e Lemmer en makket bouten en moeren. Dêr skine jo safolle mei fertsjinje te kinnen dat je mei-eigner fan in hockeyklub wurde kinne.

Wy riden nei Iserlohn, foar dyselden dy't net witte wêr't dat leit: krekt foarby Dortmund, midden yn de koalenpot, it Roergebied. Dêr't de iene skoarstien noch heger de loft yn stekt as de oare. Wy riden flak by de stadions fan Schalke04 en Borrusia Dortmund del en op noch gjin kilometer fan de autobahn stie it stadion fan de Iserlohn Roosters. Oan de bûtenkant net folle oan, in blikken gefal. Wy wienen der in oerke te betiid, de wedstriid soe om healwei fiven los. Mar bûten it stadion wie it al drok. Allegearre fans yn Rooster shirts. En doe't wy binnendoar kamen, foel my de mûle hast iepen. De hiele easttribune stie al rûngear fol. In oere foar de wedstriid. De eigner fertelde dat gewoanwei sa tusken de 3500 en 4000 man op de tribune sieten en stienen.

Oft we ek wat ite woenen. No, sa tsjin fjouweren op snein les ik wol wat, en it rûkte der hearlik. In kompleet waarm en kâld buffet. Gjin nee te keap, hear. In kreaze jongedame wie al foar dat de glêzen leech wienen werom om te freegjen oft der nije komme moasten. En doe't we nei de earste perioade wer op ús plak kamen, stie der in farsk tape pilske en in glês wyn klear. Sjoch, sa hâlde jo de sponsors dus binnendoar.

Brood en spelen.

5.5 miljoen omset of dêromtrint. En in sfear yn it stadion, geweldich. Dochs is it ien fan de klups mei de leechste omset yn it Dútske hockey. Ien klup dêr't de hiele Nederlânske kompetysje kwa jild yn fersûpt.

Is dat net yn te heljen? Nee. Der binne mear Dútsers, der is mear jild. Mar dat hoecht ek net. Yn it lyts is soks wol te dwaan. Dan moat Mart Smeets mei syn basketbal no hast mar ris yn de fut, en soe de tv mear oandacht oan it prachtige spultsje jaan moatte. En de klupbestjoerders, kommersjele boys en girls en oar folk dat belied makket soe ek ris in kear nei de Iserlohn Roosters gean moatte om te sjen hoe't jo minsken mei jild yn de watten lizze kinne, om dan fan harren safolle sinten te krijen dat ek yn Nederlân it hockey de fuotten wer ûnder it gat krijt. Want it is in super moai spultsje.

O, ja. Se ha ferlern. Dat wie jammer. Fan de VW klup út Wolfsburg.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen