Bobo hoogtijdagen op komst

Eins bin ik wol klear mei dit jier. As ik de berjochten leauwe mei, bliuwt it ditsoarte baggerwaar. De paden steane oeral splis, de skiep fersûpe hast en de 14 daagske 'pluim' seit dat it op 10-01-2014 ien as twa graden frieze sil. Foar it oare mear fan dit wat jim no bûtendoar sjogge. En dan binne der minsken dy't bliid binne dat de koartste dei west hat, omdat we 'it no wol wer hân ha mei dy winter'.
Hokker winter?

Yn de tiid fan de listen en it weromsjen meitsje de bobo's fan dizze wrâld harren klear op de drege tiid dy't foar harren leit. Amper bekaam fan de fretterij om de krystdagen hinne, komme oan de kym skalen fol oaljekoeken en appelflappen yn it sicht. Is dy berch rommel nei binnen wrotten, komt de grutste opjefte fan it jier noch... In bytsje trochsetter-bobo is ien jannewaris fan de partij en set him skrap foar de kommende fjildtocht. Meastal sa heal febrewaris komme se wer in bytsje by sûpe en stút, dan moatte se noch in wike as wat ta harsels komme en as de tredde moanne fan it jier him oantsjinnet, soe it wêze kinne dat se op ien as oare wize wer yts yn it 'normale' libben fan wurkjende minsken betsjutte kinne.
Earder is eins de 'aginda net te lûken'... Dit alles yn it ramt fan de netwurkmaraton dy't nijjiersresepsje hjit. Hoera foar de twadieling yn de MIENSKIP, dy't al mar grutter wurdt troch dizze strapatsen fan it folk dat 'boven u gesteld is'.

In dei as wat lyn kaam ik op twitter in nijsgjirrige tweet tsjin. 'Bijna geen email, bijna geen verkeer, bijna geen telefoon. De BV Nederland massaal op vakantie. Wegens rijkdom gesloten. ....'

Foar in part bin ik it dêr mei iens, mar as ik hear hokker oantallen pakketten der troch tsjerken en voedselbanken yn de doarpen útdield wurde oan minsken dy't amper de holle boppe wetter hâlde kinne, ha ik wol wat noed oer Nederlân.

As al dy tonnen kostjende resepsjes fan sûpende, brallende en 'keep the flow' hâldende bobo's no ris útsparre wurde soenen?

Ik kom net op nijjierssitten. Ik ferdom it. De earste gearsit fan it kommende jier is net yn in hotel, gemeentehûs en/of bioskoop dy't foar wit ik hoefolle omtovere is ta netwurkmachokelder. Gewoan, by immen thús. En dêr sil fergadere wurde. Kâld in dei as twa yn it nije jier. Oan it wurk. En ja, der is ek in slokje te krijen. Sels betelle.   


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen