Brekkend nijs!



Mearderheid Friezen wol ôf fan belesting beteljen

Sifers útlekt rapport lige der net om

Belesting betelje is net populêr yn Fryslân
Ljouwert- In romme mearderheid fan de Friezen wol ôf fan it jierlikse belesting beteljen, sa docht bliken út in útlekt rapport dat yn opdracht fan de provinsje troch buro Wat Fine Jo? makke is. Heechlearaar gedrachskunde Gabe Graaisma, haad ûndersyk by it buro, fynt it spitich dat de ynformaasje útlekt is, mar is net fernuvere oer de útkomst. ‘As wy hjir wat djipper op yngean, libbet der al tiden  grutte argewaasje oer it beteljen fan jild dêr’t je net fan witte wat der mei dien wurdt,’ aldus Graaisma. ‘Wy binne wat dat oanbelanget in nuver folkje, wy jouwe gol oan aksjes en kollekten, mar as it oer belesting giet, hâlde wy de hân leaver op de knip.’ 80% fan de ynwenners fan Fryslân is tsjin it beteljen fan belesting, sa stiet yn it rapport.
By de provinsje woe net ien reagearje op de útlekte ûndersyksresultaten. Ek op de fraach wêrom’t it ûndersyk yn it libben roppen is, woe de wurdfierder net yngean.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen