Polityk korrekt gejeuzel.

Op It Amelân ha se in tradysje dy't Sunneklaas hjit. In feest út heidenske tiden. Dat feest is fan de eilanners, dêr't se gjin pottekikers by ha wolle. Ik kin my dêr fan alles by yntinke. It hiele jier troch wurde se oerspield mei badgasten, dy't, as se der in oantal jierren efterelkoar komme, miene dat se ek eilanner binne. Dat is fansels net sa.
No libje wy yn 2013, dus akseptearje hitsige kranten en oare media net dat sy, sa as se dat dan sizze: 'gjin ynsjoch ha meie wat der mei in feest as Sunneklaas dien wurdt.'
De Ljouwerter Krante miende ek nijs te rûken en liet in fotograaf in foto fan it feest meitsje dy't publisearre waard. Dat is not done. De fotograaf moast it mei in tún fol stront bekeapje. En ja hear, in sjoernalist fan de LC sette pontifikaal 'Sukkels' boppe in foto fan it artikel dat melding makke fan dit freeslike fergryp.

Polityk korrekt gejeuzel, Asing.

Lit de eilanners harren feestje hâlde. Foar de rest fan it jier is elts der wolkom. Ik wol ek gjin kamera yn myn húskeamer as ik dêr net om frege ha.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen