Krystferhaal (út de âlde doaze)




Blauwe Sjoerd

Neffens in soad minsken wie blauwe Sjoerd in singelier man. Hy kaam út de Stellingwerven en wie fiskerman, teminsten, foar dat er fan Drees krige.
It praat oer Sjoerd en de fiten dy’t er úthelle koe op sneontemiddei, by âlde Goatse oan de stamtafel, ta grutte hichten gean. Dat gie salang troch oan ’t dominy syn wyklikse slokje helle. Jo moatte ek dominy foar de stamgasten wêze ist net sa?
Dominy hat nea weet hân fan de grutte wille dy’t, as it praat op Sjoerd kaam, de minsken oer him hienen. Dominy wie deun, en dan druk ik it sêft út. Hy hie wol in falsk gebit en een brike noas, mar dêroer letter mear.
De iene wike wie de oare net. As it stamfolk royaal út ’e  hoeke kaam, wie der in basis foar in soad drank en wille. Goatse stjoerde it wiif nei it hinnehok en de seane aaien leine it fûnemint. Dominy naam ien slokje, teminsten, hy betelle ien. Mear moast er eins ek net ha, sjoen de preek fan de oare dei. Mar de stamgasten wisten fan de âlderlingen dat de preken tige iepenbierjend wiene. Net altyd, mar der wiene echte útsjitters by. It frjemde wie dat dominy yn de oanrin nei sa’n preek wakker krimmenearre oer pine yn de holle, en in hânfol chefarine4 opkôge foar’t er de preekstoel op gie.
No barde it in kear dat de krystjûn op de sneon foel.  Sjoerd wie net sa bot tsjerkegonger, ien kear yn ’t jier op krystjûn en soms in jier net want it moast ek gjin sleur wurde. Mar it wie sa dat Sjoerd fan doel wie om dit jier al hinne. It wie op sneon, der gie net folle tiid mei ferlern. It hie in hiele sêfte hjerst west, sadat de iel noch goed befiske wurde koe. Dominy siet krekt oan syn slokje, hy wie de jûns frij, en hoegde pas de oare moarns te preekjen.
Sjoerd woe ek efkes moed yndrinke. Hy bearde oer de grutte flut iel dy’t er noch op foarried hie.
Dominy wie deun, sa’t ik al sei, mar ek gek op iel en net op de priis dy’t derfoar betelle wurde moast. Nei ferrin fan tiid kaam er Sjoerd op de lije side oan en sei dat mocht der ea wat yn de beun sitte dêr’t er mei ferlegen siet, hy iel ek lekker fûn.
No koe it mei Sjoerd twa kanten út, of de jonge jenever foel goed, of hy waard dwers en ferkeard.
Lamme Teunis wie al tweintich jier koster. Hy wist dat yn it oere tusken it kloklieden en it begjin fan de tsjinst eins neat mear mis gean koe. De doar hoegde net op slot. Doe’t de tsjinst oanfong sette dominy of nei de stoel, kôgjend op fjouwer aspirinen dy’t er yn de konsistoarje noch gau ynnaam hie, it wie de foarrige jûns wer letter wurden dan dat moatten hie. Doe’t er it doarke fan de preekstoel iepen die, kaam him tweintich pún slimerige skiere iel temjitte dy’t it trepke opslach feroare yn in sjippebaan. De preekmaster skrok sa dat er boppe-op in iel stapte en sa raar mei it gesicht op de boppeste tree fan it trepke foel, dat er de noas bruts en fjouwer tosken ferspile. Sûnt dy tiid hat dominy in falsk gebit en in brike noas. De noas hie wol wer rjocht kinnen, mar dominy wie deun, sa’t ik al sei. Dat wie him te djoer...
Ja, neffens in soad  minsken wie blauwe Sjoerd in singelier man.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen