Lokale komplottinkers

Niis wie op de NTR in doku oer de saak Vaatstra. Ek nei de bekentenis fan Jasper S. en syn feroardieling binne der minsken dy't tinke dat it oars is as dat nei bûten brocht wurdt. Dat neame se komplottinkers.
Ferneamde saken, of beruchte saken, wat jim wolle, binne in fruchtbere boaiem foar datsoarte tinken. Lady Diana dy't troch her majesty's secret service ombrocht wêze soe, John F. Kennedy syn dea siet ek in luchtsje oan. Ien fan de slimste foarbylden is dat de oanfallen op 9 septimber op it World Trade Center in inside job fan de geheime tsjinsten fan de Feriene Steaten wêze soe. Dit om it folk der ûnder te hâlden en harren eigen macht sûnder beheining útwreidzje te kinnen.
Wa hat gelyk?

Hjoed hearde ik noch in komplotteory. Samar, op strjitte.

Thialf sil 'vernieuwbouwd' wurde. De provinsje set heech yn en dizze wike krige it grien ljocht út Brussel omdat it taseine jildbedrach gjin steatsstipe is, de bou kin dus trochgean. Treflik nijs foar de bousektor dy't it dreech hat. In moai stik bûter yn de brij.
Fansels gienen de measte minsken der fan út dat Van Wijnen/Friso it wurk wol krije soe (ik ek). De hûstimmerman fan de gemeente It Hearrenfean hie konkurinsje fan de Jorritsma/Dijkstra/Draisma groep, mar dy sponsorje Cambuur, dus die kar lei net foar de hân.
Grut wie de ferrassing doe't net Van Wijnen, mar Ballast Nedam de klus ynearsten krige. De oaren kinne noch beswier meitsje.

No it komplot hjir efter, neffens in stûf smokende man dy't der hillich fan oertsjûge is dat er gelyk hat.

'Hast wol troch dat dit trochstutsen kaart is, no? Sjoch, dy Hettinga siet yn de RvC fan Ballast Nedam, hearde ik (de man stekt in nije peuk oan). No is er vice foarsitter fan de SC Hearrenfean en wol er dy keardel fan Van Wijnen efkes poatsje lichtsje. Omdat dy Robert Veenstra stipe. Toe ju, hoe hjit dy man ek al wer, ehh...'

Lokale komplottinkers. Jo steane der fan fersteld.

Reacties

  1. Tinkst net dat it ferhaal dêr yn Almeare der ek mei te meitsjen hat dat van Wijnen it Thialf net ferbouwe mei? Ik tink dat karma hiel hurd werom komt by dy smearlap fan in timmerman.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen