Kening Willem moat wol nei Sotsji

Dus guon fine dat kening Willem net nei Sotsji gean moat. Omdat dêr wat mis is.

No, dêr bin ik it wol mei iens, hear. Dat der wat mis is. Krekt, gjin staveringsflater, it kapke mist. Net dêr is wat mis, mar der is wat mis. Dêr ek, mar der ek. En dêr sit in grut ferskil yn.

Sille wy dan ek mar net nei it WK balskoppen, hear Van Bommel? En sille wy dan alle bannen mei dat aaklige NSA bolwurk Amearika ek daliks mar ferbrekke? Om mar te swijen fan de frou-ûnfreonlike oalje naasjes lykas op it Arabysk skiereilân? Ek mar mei kappe dan? En dat rottige pyramide folk dan, dat wol ek net doge. Daliks mar skrasse. Sterker, dat hiele donker Afrika is ien grutte rotsoai. Ophâlde der mei. Japan? Fersmoarget de oseaan mei radioaktyf guod. Rotlân. Alles ferbinings trochsnije. Sina ek. Komt neat gjin goeds fan.

Wat in symboal gejeuzel. Ja, de minsken dy't dy stadions bouwe wurde as heale slaven brûkt. Poetin sjocht net op ien of twa minsken mear of minder. Mar dat dogge se op oare plakken ek net. Omdat it oer sport giet, moat der it fingerke oer omheech stutsen wurde.

Dat yn Arabië de helte fan de minsken, de froulju, noch altyd net autoride meie, gjin stimrjocht ha en dat der alle 20 minuten ien ferkrêfte wurdt yn ien fan de grutte opkommende ekonomyen, Yndia, dêr stappe we dochs wat makliker oerhinne. Dat der wer ris 25 koempels libben ûnder de grûn bedobbe wurde yn Sina, it hellet amper it nijs. Mar o heden, as de kening yn it spul komt, is de SP polityk wekker. Dan komme de ûnderliif gefoelens samar foar it ljocht, want wat is der in soad mis yn Sotsji.

De echte hypokrite lju binne de Europeeske lieders dy't net nei Sotsji geane. Want net mear prate om saken te ferbetterjen is in teken fan ûnmacht.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen