Fuortdêrnei de Kroechkwis

Juster wie yn Easterein de twadde kroechkwis, organisearre troch Praat mar Frysk. Doe't Willem Schoorstra fia de chatboks fan Feestboek oanjoech dat er dat wol wat foar it bestjoer fan Stifting Tsjil fine soe, wie der samar in mearderheid dy't meidwaan woe.

No is in spultsje net in spultsje. Sjoch, der binne in oantal dingen dêr't ik min oer kin. Ien dêrfan is ferlieze. Bin ik net goed yn. Fyn der ek neat oan. Net dat ik it net geregeld doch, mar wenne sil it nea. Dus op dyselde chatboks ferskynde dêr in opmerking oer. Fan my. 'Witte jim wol dat ik ferhipte min oer ferlieze kin?'
It blykte dat der mear mei dy ôfwiking yn ús bestjoer sitte. De toan wie dus setten, wy soenen meidwaan, mar net frijbliuwend. Oars kinne jo better op de bank sitten bliuwe.
Plaatsjes fan slipe F. Herders en stuolpoaten fleagen oer ús chatboks, dit alles yn it ramt fan teambuilding. Koartsein wienen wy yn 't foar al sa fûl as in foarke.

Wy kamen dus glimkjend de seal yn, mar eins stiif fan de adrenaline. Nimmen hat it murken, mar de kaken stienen ús der stiif fan. Op dizze jûn moast prestearre wurde. Neat mear en neat minder.

En no serieus: It wie gesellich. En wy ha wûn. Dat dan wol wer. En Willem hie gelyk. Fuortdêrnei is oanelkoar.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen