Ik sta achter Israel

Hjoed stiet yn de krante in nijsgjirrich stik oer de fraach oft wy noch wol freonen fan Israel binne. Opperrabbyn Jacobs seit dêryn dat Israel troch ús lân oars behannele wurdt as troch oare lannen. En dat fynt er net fair. 

Joaden. 
Joadekoek. 
'Wat is it ek in Joad net, dy fint...' 
'En wie niet springt, die is een Jood...' 
'Jooooodennn, Joooodennnn!!!' 
De âldizerjoad. 

Soe der in folk wêze dat sa ûnder it fergrutglês leit as it Joadske? Ik tink it net. En alle welbespraakte tsjinstanners litte harren hearre. Se sizze neat oer Sina. Se hâlde harren kaken stiif op elkoar as it om frouljusrjochten yn Saoedi Arabie giet. Oer de massamoarden troch wit ik hokker stammen yn Afrikaanske lannen silst se net hearre. De berneporno fan de Filipijnen stiet net yn harren aginda. De misstannen yn India is net harren cup of tea. 
It aksje reaksje oarloch fiere troch de Palestijnen en it leger fan Israel? Nee, altyd is de krantekop: Israel schiet op nederzettingen. Pas letter, yn de ultra lytse letterkes komt: De actie was een vergelding op een aanslag. Krekt as wol dat net ta it toetseboerd út.  Altyd mar wer ynhakke op de Joaden. Lekker maklik.

De situaasje fan de Palestijnen is waardeloas. Mar wa docht der wat oan? De Arabyske lannen? Sina?   

Je sille Joad wêze. De skiednis hat gjin learskoalle west. De jaloerskens op it Joadske folk sil altyd bliuwe, bin ik bang. Wat dat is neffens my de djipste oarsaak fan wat der oan de hân is. Al hûnderten jierren. Jaloerskens, omslein yn haat. En dan wurde je blyn. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen