Symboaliepenstelling brêge by Iesicht?

De brêge by Iesicht
Moai nijs foar de boatsjeminsken dy't fan Earnewâld nei Drachten farre wolle. De brêgewipper by Iesicht sil syn kofje en stikje bôle no ûnder it wippen ophaffelje moatte. Of der komt efkes ien oer út Drachten wei, dat wit ik net. Hoe dan ek, de brêge is net mear twa oeren ticht. Dit om de boatsjefarders net te ûntmoedigjen om nei Drachten te kommen. Oer in jier as wat kinne se ek rjochttroch, op Nij Beets oan, jim sille der fan heard ha.

Allegearre prachtich moai foar de ûnjouwing fan it gebied, al sille de rêstsikers it dêr net mei iens wêze.

Mar hokker boatsjes ha wy it hjir oer? De boatsjes dy't nei it kariljon moatte? De nije Drachtster Feart del? Dan soe der sprake wêze kinne fan symboaliepenstelling fan dy brêge, om mar ris in geef Frysk wurd te brûken. Yn de Suderhegewei komt in brêge. In fêste brêge. Neffens omke Google wurdt dy makke mei in hichte fan 2.5 meter. Dat stiet op de side fan BKF, it kraanbedriuw. 

No wit ik it net krekt, mar de brêge by Iesicht liket my wol hast like heech as er ticht is. Dus ha it CDA, D66, Gemeentebelangen en de Sociaal Liberalen harren no skuldich makke oan ferkiezingsretoryk en soe dy brêgewipper gewoan syn stikje bôle opiten bliuwe kinne sûnderdat er de knop fan iepen en ticht betsjinnet mei in molkesnor op de lippe?

Mei ik dan oan de ried fan Smellingerlân freegje oft dy pont ek gewoan trochfarre kin? Neat mislikers foar fytsers om in oere oan de Veenhoopsterkant stean te wachtsjen wylst immen mei in hesje oan nei jo sit te loeren mei in puddingbroadsje yn de hannen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen