Joop Atsma en de VOTOB. VOTOB? Wat is dat?

VOTOB? Wat is dat no wer? Ik hie der noch nea fan heard, mar Joop Atsma hat der wer in baantsje by. Treflik, want dy moat ek wat oan it wurk bliuwe, alhoewol't  ik my ôffreegje wat in foaroanman fan tenkopslach no eins út de wei sette moat, mar klear. Joop sil der wol stúdzje fan makke ha. 

VOTOB. Dat stiet foar... Okee, efkes ome google der op loslitte. De webside fan VOTOB is yn it Ingelsk. Stiet net by wêr't de ôfkoarting foar stiet. 

En dan sitte se der yn Smellingerlân en oare gemeentes yn Fryslân oer yn dat se in Fryske namme ha? Je moatte der hast om gnize. Kleinburgelijk geneuzel fan bange minsken. It ynternet kin gjin taalbarriêres.

De webside bringt ús net fierder. Tige modern oars, 'gelikt', soenen je der fan sizze kinne, mei Home, Members, Conditions, History, Links en Contact as opsjes. Echt in troch en troch Nederlânske (Fryske) ynstelling, by foarkar jo ferbrekke is ekonomysk besjoen better. Der stiet ek dat de feriening yn 1980 al oprjochte is. Moai en prachtich, mar ik woe wol witte wêr't it foar stiet. 

Lokkich, se ha Linkedin. Ik net, want ik fyn neat oan Hoantsjeboek. Mar dêr stiet dat VOTOB stiet foar Vereninging van Onafhankelijke Tank Opslag Bedrijven. VOTOB. 
Is TankOpslag net ien wurd, tink ik dan, mar dan doocht de ôfkoarting net mear. 

By history stiet frij fertaald troch google: VOTOB's doel was en is om technische kennis samen te brengen en om de sector een stem te geven in de steeds groeiende hoeveelheid regels van het milieubeleid, ensafh...

De heale Botlek en oare terminals mei opslachtenks is dus lid fan dizze klup. En Joop Atsma sil harren belangen behertigje. Gemikaliën, benzine, kerosine, bio-brânstoffen en oalje dy't je ite kinne. Dat slaan dy 'members' op. Joop hat it goed besjoen, want hy is ek foarsitter fan Het Productschap Vee en Vlees. Dat frituerfet fan de VOTOB kinne jo moai brûke om de kroketten en bitterballen yn klear te meitsjen. Ik nim teminsten net oan dat op de nijjiersbuorrel fan Het Productschap fegetaryske bittergarnituer servearre wurdt.    


Reacties

  1. Moai datst dit even foar my útsocht hast. Toch noch ien fraach: Wat tinkst, soe sa'n baantsje noch wat opsmite? Of is 't in earebaan? Mar welke ear is hjir dan mei te beheljen? Ate de Jong

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen