Prikerdeprikprik

Stel: Jo wolle in gat yn de grûn prikke. Tink dêr no ris djip oer nei. It is de meast tryste dei fan it jier, dus wat harsengimmestyk is neat mis mei. Wurde jo wer fleurich fan.

In gat yn de grûn, dus. Hoe dogge jo dat? Ik skets njoggen fan de tsien kear dit senario. De handigste persoan yn hûs siket in stok, in stik buis of in lang, tin stik izer. Oant safier binne wy it iens? Moai. Folgjende stap is dat dy tige handige persoan nei de bankskroef rint, of daliks de slypmasine oan docht en der in moaie skerpe punt oan makket. Want oars wol sa'n stok of stik izer fansels de grûn net yn, no? It ark moat goed skerp wêze. Sa learden se je dat op skoalle en fan generaasje op generaasje. It spul goed skerp, oars wol it net.

Mei syn of har nije stik ark yn de hân rint triomfearjend de handige persoan nei de bleek en sil wol efkes sjen litte dat hy of sy wer in topprestaasje levere hat. Wat in Snoei en Snoei is dat dochs, sjogge jo de oare leden fan de hûshâlding tinken. Of: útslover. Kin ek.

De handyman bringt syn stik ark yn stelling en set der druk op. It giet fansels foar wûnder, want wat is hy of sy dochs handich, no? Nei 25 sentimeter giet it wol wat swier, mar hy of sy ferblikt net en set troch. As der net tefolle pún en oar ûngerjochtigheden yn de grûn sitte, sil it wol slagje. De hân docht al wat sear fan it drukken, mar klear. De stok of it stik izer is mei de noadige muoite yn de grûn ferdwûn.

Doch dat ris 15 kear efterelkoar, Einstein. Hast de blierren yn de klauwen.

Natoerkunde.

In stok of in stik izer yn de grûn triuwe mei in skerpe punt. Dat hâldt yn dat de hiele lengte fan it objekt wriuwing makket mei de grûn dêr't er yn ferdwine moat. Dat giet dus swier. Is dêr in oplossing foar?

Jawol, hear. In stompe punt. In stompe punt mei in bobbel. Dy bobbel moat krekt wat dikker wêze as it lange stik fan de stok of it stik izer. Sjoch, dan hoege jo allinnich mar dy lytse bobbel troch de grûn te triuwen. It part dat dêr efteroan komt is frij fan wriuwing, want tinner as de bobbel.

Dus.

Ferjit de skerpe punt. Meitsje in stompenien. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen