Wille en snotnoazen

As je yn de auto sitte, komme der soms gedachten omheech. Ut de radio woe mar gjin fatsoenlik nûmer komme, de krante sei earder op de moarn it weireitsjen fan immen oan. Net it type berjochten dêr't in minske fleurich fan wurde sil.
Meastal is in rûntsje Feanhoop dan in goed medisyn, mar dat holp hjoed ek net. De nearzige griene fjilden stienen my tsjin, sels de guozzen wienen der net. Wilens ha ik al in wike lêst fan de kiel, it wol mar net oergean en echt trochsette sit der ek net yn.

De wille is der net mei in winter sa as dizze. De minsken slepe harren fan dei nei dei, de fretterij om de feestdagen hinne is minder feestlik. Ik hear it rûnom. Wie it mar wer simmer. Mar dat is it net. Want der is gjin wille. Gjin reade koppen, huverjen by de kachel, opwaarme poeiermolke mei in stik koeke op de feart. Gjin iisaginda. Gjin wille.

Wy sitte mar op ien ding te wachtsjen. Droege froast. Oerdei in graad as wat ûnder nul, nachts genôch om wat iis oan te setten. Nei twa dagen ha je gjin krupsje mear lykas rinnende noazen, seare kiel by it slokken, en, wichtiger, der komt wille. Dat is de grutste bonus by froast. Wy binne no ienkear net fan de iepen winters, wy wolle foute muzyk út kreakjende speakers op in min ferljochte iisbaan. De wille dy't it bringt.

Ik ha min nijs. Oant 15 jannewaris ta ferwachtsje se gjin froast. Hatsjoe. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen