Thialf

Stel: Ik hie in berch jild. Dat kin ik maklik stelle, want ik ha it net.

Ik hie safolle jild, dat ik der wol wat fan misse koe. En ik hie wat mei reedriden, ik soe it wichtich fine dat de riderij op in heech nivo plakfine koe. Noch heger as no al it gefal. Boppedat hie ik wat mei de regio dêr't ik yn wenne.

Op in dei siet ik yn de kroech en liet my ûntfalle dat ik wol wat jild yn de reedriderij stekke woe, as der immen mei in goed plan wie, dy't my dat goed útlei. De iisbaan yn it doarp lei der wat fertuteaze by en koe wol in opknapper brûke.
In skoft letter gie de doarbel en stienen der in pear man op de stoepe mei in map ûnder de earm. Ik koe dy mannen wol, de iene fage de baan skjin en de oare ferkocht poeiermolke en stookte de kachel heech op want hy hie lêst fan rimmetyk. Mei oare wurden, de lokale helden fan de iisbaan. Mar dizze hearen hienen in plan. Dat nei oanlieding fan myn opmerking yn de kroech. Wy skoden oan, oan de hege tafel (Toon Hermans). De map kaam iepen en de artist impression foar in Nij Medeo yn it doarp blonk op in glêd stik papier my temjitte. It seach der tige út.

In stik bûter yn de brij foar Jan de timmerman, Klaas de skilder, Piet de dakdekker, Auke de sloper (postúm), Sjoerd de rutesetter, Lieuwe de flierbedekkingman en Bauke beton. Allegearre wis fan in moai stikje wurk.
De flesse jenever kaam op tafel en de ferhalen waarden geandewei de jûn al mar smouter. Wat in krêft yn sa'n doarp. Eins wie it nei in oerke wol beslikke. Ik soe mei de boel nei de gemeente, mar omdat ik fansels in soad jild en in grut netwurk hie, ferwachte ik dêr net de measte swirrichheden. Sterker, dit stik lokale enerzjy soe wol yn de earms sluten wurde, wie ik fan tinken.

En sa gie it ek.  Alle partijen optein. Op de foto mei de boargemaster dy't foar de gelegenheid redens oan hie, it wie oars augustus, mar dat ferhipte neat. In retromûtse op de kop. Alles foar de moaie reklame, jo soenen hast fan in gouden plak sprekke.

Omdat ik de jildsjitter wie, bleau ik der fansels by belutsen. Dy 50 miljoen, want safolle jild hie ik om fuort te jaan, dy 50 miljoen moasten al goed te plak komme, fansels. Sjoch, ik koe Jan, Piet, Klaas, Auke, Sjoerd, Lieuwe en Bauke al jierren. Dy moasten ek troch de tiid, boppedat wennen se moai tichtby, sadat mochten der wat probleemkes wêze, ik der efkes op de fyts hinne koe. Net dat ik dat ferwachte, mar stel.

De oanbesteging wie in wassen neus, dat snapte elts wol. Der wienen wat Grinzer bedriuwen en in inkele Drint dy't miende dat er der wat yn om eamelje moast, mar dy koenen wy hast net ferstean en mei de oaren hie ik oan in heal wurd genôch. Dat Maaike de skriuwer hie it samar yn kalk en semint. De kombinaasje dy't de wurknamme JKPASLenB krige, soe de boel ynelkoar spikerje.

Ik wie der mar wat bliid mei. Myn jild goed bestege, ik hie as jildsjitter goed it each der op en fytste alle dagen efkes nei de manlju ta. It wie tige.

Of hie ik no gewoan dy 50 miljoen oan in stel frjemden jaan moatten mei it boadskip: Bou in iisbaan yn it doarp? Nee, dochs? 

    

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen