Zyban, in jier letter

It is hjoed dochs wol in spesjale dei. Net omdat it tige waarm is, mar it is hjoed 7-1-2014. In dei as alle oaren, soenen je sizze, mar foar my net. Op 7-1-2013, 365 dagen lyn, ha ik foar de lêste kear in sigaret hân.
In jier fan it smoken ôf. Moarns net mear hoastje as ik fan bêd kom, net mear hast smoare yn it kocheljen as je in kear ferkâlden binne, alles wer rûke en priuwe. Bysûnder.
Mar ek net mear neurotysk kontrolearje oft je de tabak en de Zippo wol yn de bûse ha en oft der genôch shag yn de pûde sit om de folgjende dei te heljen, mocht dat net sa wêze nei Drachten fleane om nije foarried te heljen.

De kearside: In jier lang alle dagen sin oan in peuk ha. Stikem djip snúve as je by smokers del rinne. Frachtweinen fol kauwgom. Kilo's der by. Ek tige bysûnder.

En no? Dat is net dreech. Ik bin benaud om wer in peuk op te stekken. Ik wit hoe lekker it is, ik sil nea anty smoken wurde. Jim moatte it sels mar witte. Ik sis net dat ik nea wer smoke sil, mar de kâns wurdt mei de dei lytser. It foldocht goed. Je binne folle fitter, dat is gewoan sa. Dus sûnder derop oan te trunen soe ik dochs in bytsje reklame meitsje wolle foar Zyban. It middel dat my nei trije dagen tinke liet: 'Ik ha gjin oanstriid om in peuk op te stekken.'

It wie makliker as dat ik tocht, it ophâlden. Mar je moatte der oan ta wêze. By foarkar net op 1 jannewaris. Mar bygelyks op in dei dat it je swart foar de eagen wurdt, dat se je op de rêch huffe omdat je der hast yn bliuwe. Dan.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen