Iepen brief oan Mark Rutte

Bêste Mark.

Hjoed hearde ik dat ik fan ien jannewaris ôf strafber bin as ik de BTW net betelje. No ha jim de measte ZZPers de rammestrûpe al sa bot oanlutsen dat se sopraan sjonge, mar dit koe der ek noch wol by. Foarsafier't ik wit betelje ik alles dat jim fan my ha wolle. Ik heakje dêr oan ta dat ik sterk de yndruk krij dat jim nea genôch ha en ik mar amper mear.

Myn fraach is dizze: Hoefolle lagen fel moatte der by dy fan de kop lutsen wurde foardatst yn de gaten hast wat der werklik oan de hân is yn dit lân? En no net daliks skermje mei dy pear oerkes lesjaan yn de Schilderswijk en datst dus wol witst wat der geande is, want dat is foar de buhne, dat ha wy echt wol troch.

Wy ha in tannimmend oantal minsken dy't nei de voedselbanken geane. Dat dogge se net omdat se dat no sa aardich fine. Wat dochsto? Yn Brussel de grutte man úthingje, de 3% noarm as it earste en twadde testamint fan kaft oant kaft wier en net te ûntkennen, noch oan te ûntkommen ferklearje.

Brusselfundamintalisme.

Hjir om my hinne hear en lês ik fan minsken dy't nei harren âlden op besite gean en dy't mei machteleaze ferhalen oer kwetsbere minsken yn ruften weromkomme. Witsto wol wat dat mei bern docht, Mark?

Dyselden dy't noch yn demokrasy leauwe sa asto dy prekest binne aanst mei in ljochtsje te sykjen, mar do bist sân dagen yn de wike en twa kear op snein ree om dat ljochtsje subsydzje te jaan, of net? Om dyn eigen beskerme wrâldsje en dat fan it lytse ploegje folfretten fariseeërs dat oant harren eigen ynkontininsje ta dy stipet, yn stân te hâlden. .

It is foar dy te hoopjen datst, as it safier komme mei, troch alle leagens dy't dy yn de jierren ta de mûle út flapt binne sa gek wurden bist, datst sa demint as in doar wêze meist. Oars moatst ek noch meimeitsje wat dy minsken yn dy ruften no dogge. Om 'e nocht op in reade knop drukke omdat se nedich nei it húske moatte en ferjitten binne dat se in ruft oan ha.

Witst wat dat mei minsken docht, Mark?  

Reacties

  1. Ferdinand jonge,
    do hast it fansels by it rjochte ein, ik bin it hielendal mei dy iens.
    allinnich tink ik dat it dy opfretters yn Den Haag gjin barst skele kin.
    hawar, bliuw by dysels en as wy mar genoch stykelje begjint it fansels te jokjen by die criminelen.
    groetnis

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen