Basketbal en hockey yn ien hal

Stel jo ha in evenemintehal. Der passe rûchwei 18.000 minsken yn. Gewoanwei spylje se der iishockey en basketbal. Net folle nijs ûnder de sinne. Mar dan ferjitte jim dat je net op iis basketbalje kinne en op parket wol it min reedride. Hoe dogge se dat? Yn de USA hat eltse himsels respektearjende stêd wol in basketbal- en hockeyteam yn de heechste divyzje. Yn Los Angeles ha se sels twa basketbalsmitersploegen dy't tafallich tagelyk de playoffs hellen. En lit de hockeyploech dat no ek noch dwaan?
Goed, dan moatte der yn ien wykein seis wedstriden organisearre wurde. Yn 1.26 kinne jim sjen hoe't se dat dogge. Bjusterbaarlik. Seis kear de keet fol yn ien wykein.

It Staples Center yn Los Angeles is jûn toaniel fan de hockeywedstriid tusken de LA Kings tsjin de Vancouver Canucks, moarn sille de LA Lakers tsjin de Denver Nuggets basketbalje, moandei dogge de LA Clippers dat tsjin de Orlando Magic, in dei letter meie de hockeymannen fan de Kings wer opdrave tsjin de Minnesota Wild, woansdei de Clippers wer tsjin Boston Celtics, tongersdei de Kings tsjin de Boston Bruins, freed de Clippers en sneon de Kings tsjin de Red Wings út Detroit. En sa giet dat troch.
Dan ha jo yn ien wike dus mear as 100.000 minsken yn de hal. Net te leauwen. En hast net mei te konkurearjen. Wat in jild, wat in omset. Sjoch it filmke foar dy bysûndere bylden.



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen