Crone bestjoerder fan it jier?

Boargemaster Crone fan Ljouwert is kandidaat om bestoerder fan it jier te wurden. Dit benammen om syn diedkrêftige rol tidens de grutte brân en syn krewearjen om KH2018 hinne.

Ik gun elts in priis, hear. Mar yn dit gefal tink ik dat der wol wat oer te sizzen is. Oer it KH2018 stik fan de nominaasje, dêr sil de man syn part oan dien ha, dat wit ik fierder net. Mar syn bydrage by de brân? Dat is wol in opmerklike nominaasje. It moat dan wol gean om syn rol nei de brân, want doe't de boel oan de Kelders yn de fik stie, wie de boargemaster der net. Ien fan syn wethâlders die it wurd. De dagen dêrnei wie Crone net fan de TV ôf te slaan, mar tidens de brân? Dat part fan de oanrikkemedearring stiet net sterk.
As ik it allegearre goed begrepen ha, yn de wandelgangen hear ik wolris wat, soe de boargemaster troch sjoernalisten (!) op de hichte brocht wêze fan it feit dat der in grutte brân yn 'syn' stêd útbrutsen wie, noch foardat er troch it amtlik apparaat fan de haadstêd ynljochte waard.

Mar mocht er de priis krije? Lokwinske.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen