Reinbôgen okee, mar bliuw fan ús flagge ôf.

 

Reinbôge

 

In slinger fan reinbôgen tusken de tuorren. Alle bankjes en kûpstuoltsjes yn reinbôge-kleuren opfervje. De tuorren sels ek. Gjin inkel probleem. Om my fervje we it gers fan it Sjûkelân ek yn reinbôge-kleuren. De ballen: ek daliks in reinbôge yn printsje. Der is gjin inkel ekskús om net sjen te litten dat wy minsken net wolkom hjitte, hoe’t se ek binne, fan wa’t se ek hâlde. Gjin inkel ekskús. De wanten meie ek in moaie reinbôge op nifele wurde, alle keatsers yn in shirt mei in reinbôge. It span Fryske hynders mei in dek op yn reinbôge-kleuren en de koets, plus de koetsier, alles mei utering jaan oan it feit dat we hjir in iepen Mienskip binne. Lit dêr gjin inkel misferstân oer bestean. Hooplik ha ik no Ate mei deselde achternamme as ik en Abe de Vries, syn maat, oertsjûge fan it feit dat ik harren stribjen nei lykweardichheid yn hast alles stypje. Werklik hast yn alles. En de reden ha ik in skoft lyn alris opskreaun.

 

Ken uw geschiedenis: It is tiid foar in homopartoer op de keatsfjilden. Dat wie 27-07-2013 de deistelling yn de Ljouwerter krante. Ate mei deselde achternamme as ik wie de skriuwer.

 

Ik ha dêr doe in kollum oer skreaun. Oer dat ik in ferskriklik leave nicht kwytrekke bin mei in wrede histoarje as immen dy’t net wêze mocht wa’t se wie. Kom dus net oan myn gefoel foar en oer minsken mei in oare geaardheid, want dat soe freeslik mispleatst wêze. Ik siet yn de tsjerkeried fan de PKN gemeente yn Boarnburgum doe’t we dêr it homo-houlik mei akklamaasje oannaam ha, dus gjin inkel misferstân dêroer.   

 

Oer mispleatst sprutsen. Want dat is dêr’t ik it even oer ha wol. Want ien ding bin ik it totaal mei ûniens. Je meie oan in soad dingen komme, mar net oan ús flagge. Dat is in foarm fan dis-respekt. Ik kin my net yntinke dat hokker lân dan ek syn as har flagge sa misbrûke soe as dat wy hjir op dit stuit yn Fryslân mei de moaiste flagge fan de wrâld dogge.

 


Kleurje om my hiel Fryslân yn reinbôge-kleuren, mar dy flagge moatte jo ôfbliuwe. Ate mei deselde achternamme as ik en Abe, syn maat, sille no alle boppesteande wol ferjitte en allinnich oer de flagge begjinne te rachen, want grutsk wêze op de Skeane Banen is sa’n dinkje, dêr krije se jokte fan. Ik krij jokte fan it skeinen fan ús flagge. Neffens my fine de beide hearen dat hast alles mei yn dit lân, benijd oft se my dit dan gunne.    

Reacties

  1. Ik lês dit stik no pas (taksy it stik fan Abe, dy oare Abe, op Facebook) En - miskyn falt dy dat ta - ik bin der ek net kapot fan, dy kombinaasjeflagge. Ik fyn de Fryske flagge moai, en de reibogeflagge yn al syn ienfâld, skitterend. Mar in pear fragen. Do seist dat je fan dy Fryske flagge ôf bliuwe moatte. Wêrom moat dat Ferdinand? En fan wa? Is de flagge hillich foar dy? En moat SC Heerenveen him dan ek ynleverje?

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn