Punt Fryslân, punt Friesland en punt FRL

It kolleezje fan deputearre steaten fielt der neat foar om foar sawat 130.000 euro de ynternet-ekstinsje punt-fryslân fêst te lizzen. De steatefraksje fan D66 hie dêrom frege.

De provinsje wurket wol drok oan punt-frl achter it ynternetadres. Ut ûndersyk ûnder goed 1100 bedriuwen en organisaasjes yn Fryslân docht bliken dat 59 prosint foar punt-frl is, 12 prosint foar punt-friesland en 9 prosint foar punt-fryslân.


Aldus de Omrop. Der binne in pear dingen dy't my opfalle yn dit berjocht. Yn it foarste plak: Sûnt wannear is D66 sa foar it Frysk? Dêr ha ik earder net folle fan murken, mar dat kin oan my lizze. Twadde is, dat fan de trije opsjes .friesland .fryslân en .frl, de earste daliks it jiskefet yn kin. De provinsje hjit Fryslân en net Friesland, alhoewol guon westersk orientearre bedriuwen dêr net oan wolle. Sille wol kommersjeel tinke mei in Nederlânsk sprekkende manager, dy't hjir oars net docht as syn jild opstrike. Hawar, sels mar witte.
.fryslân stiet wol moai, en is ek werkenber. Allinnich dat ferhipte kapke op de a, lestich.

Ik moat dus tajaan, en dat is ferdomd net maklik, dat ik it dizze kear folslein mei it kolleezje fan deputearren iens bin. .frl bekket goed, stiet it meast profesjoneel en boppedat hoege der dan gjin nije stickers op myn auto, dizze ha ik al. Trochsette KvD! Myn stipe ha jim, alteast yn dizze drege kwestje. Dus net tefolle kofje en tiid mear oan fergrieme, graach.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen