Beksmit

Twa kear yn it jier moatte je nei de toskedokter. Juster wie it wer safier. Nei it healoerke útrinnen koe de kontrôle plakfine.
No knapte my lêstendeis in stik fan in kies ôf, sadat ik of in heal stikje kaugom of in heale baarch bewarje koe. Maklik, hear, ha je wat foar ûnderweis. Mar it moast dochs wer wat byholpen wurde.

Soks is net mooglik op it stuit dat je dêr binne, dêr moat in nije ôfspraak foar makke wurde. Machtspolityk fan dy kringen. Hawar, ik der in stik yn omlige, fuort mei fakânsje en sa mear, dus doe koe it de oare deis al.
Earst ferdôvje, ja ik bin in suertsje, en doe moast dat earst ynwurkje. No, dat kaam goed fan pas, koe de assistinte earst moai de kalk, tabak en kofjebrot úthimmelje.

Doe kaam de beul wer troch de doar. Yn fiif minuten waard de kies klear makke foar in nije wite komposyt-look. No komt it, ha jimme wolris fielt hoe'n grut gat der dan yn sa'n kies sit? Ik sei tsjin de keardel, dêr kin hast in kroadefol yn. Hy seach de assistinte oan, en doe hie ik it wol troch. Hy wist net wat in kroade is. Sy ek net. Omdat je heal yn ûnmacht lizze, mei de snappet iepenlutsen, is der ek gjin útlis mooglik. Dat myn bydrage oan it befoarderjen fan it Frysk is hjoed jammerlik mislearre. Sorry.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen