Langst nei guozzen

It is in hearlike foarm fan mankelyk wêze. Goed oardel wike nei it skûtsjesilen in rûntsje Feanhoop, op de brommer (sûnder helm). Riede hoefolle minsken ik tsjinkaam bin? Krekt. Net ien. De Wiide Ie wie leech fan boaten, en ik hie wol in trui mear oan ha mocht. Simmerguozzen, in stik as wat earrebarren en in dwaas op in Puch.
De printen fan de rydplaten steane djip yn it fean, en rûnom stiet de saak splis. It grien is al sa grien net mear, mei oare wurden, de hjerst is kommendewei. Der sille grif noch in pear knappe wiken komme, mar op in dei as hjoed sjoch ik stikem al ris nei de loft. Der sil dochs net... Noch in oardel moanne wachtsje, dan binne se der wol hast wer. Ik sjoch der nei út. Lit se mar komme, dy guozzen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen