Konflikt

Hjoed wienen we by it silen yn Langwar. Moaie striid. Mar fia de Omrop kaam ik der efter dat der mear striid is yn it oars sa rêstige doarpke. Linebeammen. Ja, it is wat.
De rintmasters binne bang dat der in beam op it Godshûs falle sil. En doarpsbelang fynt it totale byld wichtiger. Spul. Net bêst, de messen steane yn de picknicktafel.

In sitaat fan doarpsbelang: '...der is mar ien dy't soks beoardielje kin, en dat is de gemeente.' Ein sitaat.
En dêr wurd ik dus mislik fan. Wêr is it boereferstân bleaun? It sil net sa wêze, mar stel no dat dy rintmaster neist frijwillich bestjoerder beamsjirurch is? Hat er der dan ek gjin ferstân fan? Nee, seit doarpsbelang. Allinnich de gemeente, want dy moat ek de kaapfergunning ôfjaan. Dus ha dy lju der ferstân fan. Lou loene. It komt my foar as in steriotyp gefal fan: Sy binne boppe ús steld, dus sy witte it. No, bêste man fan doarpsbelang Langwar, dat is net altyd wier, hear. Of binne jo miskien... nee, dat is populistysk, dat mei net.

As ik rintmaster wie, soe ik lekker mei fakânsje gean. Jimme binne fersekere tsjin stoarmskea, mei ik hoopje, dus lit de hiele rige linebeammen mar op dy tsjerke miterje, dan ha se wat by doarpsbelang. Wol alles goed opskriuwe, we libje yn in claimkultuer, dus dêrnei mar op it fytske nei park Heremastate. Sukses! 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen