Twa hûneferhalen by de Omrop

Ferhaal dat de TV hellet: Stel is mei boat en hûn op fakânsje. Hûn mei graach swimme, en docht dat. Baaskes ha it te drok, wêrmei wurdt net dúdlik, en ferlieze domme hûn út it each. Hûn wurdt nei asyl brocht en ze leefden nog lang en gelukkig.

Ferhaal dat de TV net hellet: Hûn sit yn tún. Docht er wol faker. Op de buert binne twa fjochthûnen foar de safolste kear útpykt. Fjochthûnen helje lyts hûntsje út tún, pakke stom bist by de kiel, skodzje in kear as wat, hûntsje dea. En ze leefden al lang niet gelukkig.

Hokker fan dizze twa ferhalen soe it nijs by de Omrop TV helje moatte? Yn dit gefal hat de Omrop net keazen foar de útdaging, mar foar de soap. It Jan Smit gefoel. Alles is lokkich wer goed kaam, mei in fette glim op it gesicht fan de presintatrise. Komkommertiid TV. Net te dreech.

Mar as no dy hûnen yn de Westereen in bern deselde behanneling jûn hienen as dat hûntsje? Hie foar itselde kinnen. Lit my gjin oardiel jaan oer baaskes, dat ha ik wol, mar nei jierren wenjen njonken de bosk leare je wol ôf om dêr in miening oer te hawwen. En foaral oer ditsoarte ûndieren. Hawar, litte we net hoopje dat de Omrop oer in skoft nei de Westereen moat om ferslach te dwaan fan: ...
It is krekt as mei hûnen en skiep, as se ien kear witte hoe't it moat, binne se bedoarn.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen