Frysk Folksliet Heerenveen-Sparta 2009




Omdat dy slûge lju yn de radiokeamer sneon net by steat wienen om in bân yn te starten, sjoch goed, ik lit jimme noch ien kear sjen hoe't je soks dwaan moatte. Live, mei in orkest of koar dat ek noch de goede toanhichte sjongt of spilet. It muoit my dat we de SC alles nochris útlizze moatte, der is yn oardel jier in soad ferjitten, sa't it skynt. Hawar, we binne de beroerdsten net op de easttribune, dus toe dan mar.
O, ja! Ik soe it hast ferjitte, by it opkommen graach wat oars as kening fuotbal. Yn it foarste plak is dat midsieuwsk, en it liket my dat de hearen wol wat mear piper yn de kont ha meie. Ik soe sizze: Hamanaras fan Reboelje, en net te sunich. Der is gjin minske dy't wit wêr't dat nûmer oer giet, dus dat past moai by it spul en de trêner fan hjoed-de-dei.
As Marius Hamanaras no efkes op Youtube set, sil ik it jimme hearre litte. We moatte ús oan de regels hâlde, no?

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen