Pinguïn

Arnold Kruiswijk is de nije oanfierder fan Sportklup Hearrenfean. Kruiswijk spile sneon tsjin NEC mei de oanfierdersbân om. De ôfrûne jierren wie meastentiids Michel Breuer de oanfierder.

Neffens trainer Ron Jans wie de technyske stêf unanym yn 'e kar om Kruiswijk as oanfierder oan te stellen. Jans wol in sinjaal ôfjaan om de 'minder oanwêzige spilers' in belangrikere rol te jaan. Viktor Elm is de twadde oanfierder. (Omrop Fryslân)

No, dat witte dan ek mar. De wegen fan Ron Jans binne net te folgjen. In oanfierder is de lieder fan in team. Immen dy't de bek yn beide hannen hat en tsjin syn ploeggenoaten seit wat se dwaan moatte, hoe't se stean moatte en foaral wêr't se net stean moatte as it spannend wurdt. In man mei charisma. Kruiswijk en Elm binne alles behalve dat. Breuer ek net, mar dy docht teminsten wat er dwaan moat. Juster wie er de bêste man yn de ferdigening. 'Minder oanwêzige spilers in belangriker rol jaan', snappe jimme it noch? Sa wurdt it dus nea wat. As sa'n sêftkôke aai as Kruiswijk in bluisterige Servier as Djuricic fertelle moat hoe't er balskoppe moat, laket dy him út. Elm is de ideale skoansoan, en dêrmei dus net in sekreet. En dy moatte in oanfierdersbân ha? It liket oft Jans mar ien priis helje wol, de fair play priis. Dat er dy prolongearje kin, is foar de fans no net wat om foar nei it Feen te kommen.

Dingsdag wie de lêste echte oanfierder. In jankpot, in klier, in echte etterbak, dy't de tsjinspilers, mar ek syn ploeggenoaten it bloed ûnder de neilen weihelle. Mar dat paste net yn it skoaljonge plaatsje fan de SC. Dus koe er opkrasse. En de hurde wurker Breuer mocht it oernimme. Dêr winne je gjin wedstriid mei.
Yn de seleksje fan Sportklup Hearrenfean sit op dit stuit mar ien dy't oanfierder wêze kin. Júst, ja, dy lange Drint, dy't se earst foar nul sinten gean litten ha. Mar omdat de djoere nije spits gjin knikker fan in fuotbal ûnderskiede kin, ha se him út earmoed mar wer weromhelle.
It belied fan de SC rammelet oan alle kanten, dy beide bûtenspilers en de ballefanger binne goed, mar de rest? Krekt in bytsje oan de lichte kant.

As Jans der noch wat fan meitsje wol, moat er Dost daliks op de bank sette, en de nije spits oanfierder meitsje. Sibon is in naarling, in kliemer, en in rotsak as it moat. En hy hat kredyt by de skiedsrjochters, omdat er sa noflik tsjin har oanseure kin. Boppedat kin er twa kear sa goed fuotbalje en koppe as Dost.
Hy hat ien probleem: de trêner mei him net. Dy hat leaver in oanfierder dy't er mei de eagen stjoere kin, en lit him foaral gjin eigen miening ha, want dan wurdt Ron boos.

De oplossing leit foar de hân, mar dat sis ik al in jier. Opsokkebalje mei dy pinguïn. Past hjir net.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen