Wêr ha jo hinne west?

'Wannear sille jim fuort?'
'Wy gean net op fakânsje.'
'O.'

En dan is it praat faaks oer. It liket dat minsken dy't om hokker reden dan ek net in wike as wat op 'n paad binne der net by hearre. By de bakker, kapper, krante en op de Omrop, oeral is it in wichtich ûnderwerp dizze dagen. It waar en wêr geane we hinne.
Ik kin my foarstelle dat der folk is dat net perfoarst fuort wol. (of kin) In moai hûs oan it wetter, in skouke foar de doar, wat sille je te befleanen? Krekt in oar hûs, fervje en behingje, neat mis mei. Gjin sinten, ek in probleem fan dizze tiid. Mar it is oft de konkurrinsjestriid net mear ophâld mei hokker auto op de oprit stiet. Nee, der moat reizge wurde, leafst sa fier as it kin. En dan sa tusken de bedriuwen troch efkes fiele litte dat 'wy' wol in ein fuort west ha. Mei strieminne skythuzen, amper wetter út de dûs, en alle dagen boppe de tritich graden, sadat je fan lamlendigens net witte wat je dwaan sille. Mar we binne wol fuort west. En jim net. No, helden binne jim.

Dus hear ik jim tinken, hy giet net fuort. No, dus wol. Mar ik lit my der net op foarstean. Jasses.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen