If there's a bustle in your hedgerow

'If there's a bustle in your hedgerow.'

Je moatte knap oan de pretsigaar sitten ha om soks op papier te setten. Mar dêr wienen de mannen fan Led Zeppelin dan ek net fiis fan. Wol yntrigearjend, dizze sin. As je it rûchwei oersette yn it Frysk wurdt it: 'As der drokte yn dyn hage is.'
No is der by ús net folle drokte yn de hage. Hoe oars is dat in eintsje fierderop, om it hôf hinne. Dat is in stikje natuer op himsels. Mei klysters, dowen, stikelbargen en wit ik wat mear.

It is de tiid net foar drokte yn de hage. Al hoe't de media har bêst ek docht. It liket wol oft yn de simmer nare dingen minder trochkomme. Fleantúch delstoarten, selsmoardbommen, rellen yn Tottenham en net te ferjitten de driigjende sabeare jildpine. It soe wat. Dat der in keatser is dy't út in partoer mitere wurdt is grutter nijs dan Wallstreet, de Nikkei en de AEX byelkoar.

En dat is mar goed ek. Je soenen der stapelidioat fan wurde. Ik fyn it echt ûnbegryplik dat de beurs safolle ynfloed hat op de wrâld. Foar 'gewoane' minsken is der net safolle fan te merken, behalve it hymjen fan deskundigen en presentators yn Nieuwsuur en och heden, Andries Knevel is ek werom út it kleaster.
En Ruud siet der juster ek. It foel my op dat er wat trille. Sil wol fan al dat ligen komme dat er yn de rin fan de jierren om 's lands bestwil dien hat.

En as klap op de wit ik wat: De SKS skippers blykt gewoan in anargistysk klupke te wêzen dy't sels wol bepaald oft der wol of net sylt wurde sil. No, en? Dat is altyd al sa west. Pieter Brouwer sei it ferline wike: Der moat ien wedstriidkommisje komme. In pear man mei kont yn de broek en by foarkar ek in lûdsynstallaasje. Komt wolris fan pas, as de emoasjes mei wynkrêft seis en mear troch de palavers fleane.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen