zaterdag 9 juni 2018

Reklame






Wat in ergernis is, hoe ik jim net te fertellen. De measte minsken ergerje harren op regelmjittige basis wol ergens oan. Dêr ergerje oaren harren dan wer oan en sa ha je samar stof foar in top tsien oan ergernissen. Yn de iere simmer is dit in weromkommend fenomeen. Ha we op de ein fan it jier te krijen mei muzyklistjes en oersjoggen fan it jier dat sawat efter ús leit, om dizze tiid hinne komme de ergernissen op it aljemint. No, it blykt dat wy ús hjir yn Nederlân allemachtich ergerje kinne. Leafst oan de meast nutleaze saken, want dan hâlde je praat. Dizze wike wie it ferkear oan bar. De bekende saken kamen foarby. Bumperkleve, te hurd ride, links riden bliuwe op de sneldyk, ride mei drank op of sa stoned as in knyn achter it stjoer krûpe en drompels yn de dyk. Samar wat foarbylden.

No ha ik dêr wol wat myn betinkingen by. Bumperkleve bygelyks. Dat fenomeen docht him foar as de klever wat hurder wol as syn foargonger. Dy soe ynstee fan him daliks te ergerjen ek even neitinke kinne en bygelyks even romte jaan sa dat de oare der foarby kin. Miskien moat de klever wol noadich nei it húske of sit syn frou neist him dy’t elts momint befalle moat. Op datsoarte mominten kin ik my yntinke dat je hastich binne. In bytsje jaan en nimme op de dyk ynstee fan daliks de middelfinger op te stekken en, as trou folger fan de wet, even de remme oan te tikjen. Dat levert pas echt agresje op.

Persoanlik ergerje ik my oan minsken dy’t oeral foar remje. Komt der in tsjinlizzer oan, litte se it gas los, komt der gjin tsjinlizzer mar is der immen yn de tún oan it wurk, litte se ek it gas los. Fleant der in fûgel op tsien meter hichte oer de dyk, litte se ek it gas los. Tinke se dat der in fûgel op tsien meter hichte oan sit te kommen, litte se út foarsoarch it gas ek los. Giet harren telefoan, litte se ek it gas los omdat se it appke al even lêze moatte. Fytst der in fytser, bliuwe se achter de fytser hingjen, sels al bliuwt dy stilstean. Itselde jildt foar it wachtsjen achter in bus, as dêr ien yn- as útstapt. Wêr is it deanormale ynheljen bleaun? Ik sjoch geregeld in 40 kilometer autoke fan Beetstersweach nei Drachten riden. Op dy dyk meie je 60, mar achter dat 40 kilometer weintsje hinget in sliert auto’s wylst der gjin tsjinlizzer yn it sicht is. Is der dan in hastige ZZPer dy’t de kolonne folslein legaal ynhellet, krijt hy of sy de folle laach. En dat is net terjochte.

Standert tsien kilometer stadiger ride dan tastien is. Dat is ek in ergernis. Je ha ek minsken dy’t oeral 50 ride. Yn de beboude kom, op 60 kilometer diken en op 80 kilometer diken. Oeral 50 keutelje en dat moard en brân raze as der ien om harren hinne komt. Ik begryp dat net. In foarbyld is it stik dyk fan de fjilden fan Drachtster Boys rjochting De Wylgen. Dat is in stikje dêr’t je 60 kilometer meie. Guon ride der 30, omdat se tinke dat it beboude kom is. As je der dan omhinne ride, flikkerje se mei de ljochten.

Myn rydstyl sil by guon minsken wol ergernis opwekke. Mar sûnt dizze wike kinne jim my belje, want ik bin net langer anonym yn it ferkear. As je reklame op je buske ha, besykje je noch better oan de regels te hâlden, dat fernim ik wol. Mar asjeblyft, as ik ien ynhelje om ien fan de boppesteande redenen, belje dan mar net. Ik ha yn de 30 jier dat ik it rydbewiis ha, nea in ûngemak hân, in oanriding feroarsake en dat wol ik ek graach sa hâlde. O ja, dy reklame is foar de Sutelaksje. Myn telefoannûmer stiet der ûnder. Dêr meie jim my altyd wol oer belje, hear.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten