Yn memoriam: Truus

As der foar sânen moarns immen op de doar stiet te timmerjen wurde je wat nuver wekker. Je fleane net daliks nei dy doar, omdat, no ja, je binne net yn gala, sille we mar sizze. It blykte in jongedame te wêzen, fansels mei in mobyl yn de hân. Se makke melding fan it feit dat Truus deariden wie.

Truus wie ús âlde, mei in trochrinnend min sin segene kat. Blyn oan ien each, mar better mûzefanger ha ik nea hân. Ek foar in rôt draaide se de poat net om. Truus wie net ien fan it oankrûpen. As je der net om tochten hienen je in klau oer de hân.

No lei se dus foar hûs, by it oerstekken oanriden. Se wie al sa stiif as in planke, dat it sil justerjûn al mis west ha. De begrafenis hat yntiids plakfûn. Ik tocht: dat moat daliks mar wêze. Stel dat it fanke mei de mobyl de bisteambulânse belle hat, dêr sit ik echt net op te wachtsjen.


Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen