Wichtige saken

 

De kommende tiid sille yn polityk Den Haach wer in soad one-liners oer tafel fleane.

Ik foarsis dat de útdrukking 'oer jins eigen skaad hinnestappe' grutte kâns makket om mei stip op ien te kommen.
'Derhalve' en 'daar herken ik mij niet in' binne ek foarbylden fan ditsoarte neat sizzende útspraken.

It grutte pankoekbakken oer de begrutting 2013 is no los. Omdat we hjir sels net mear baas binne. Neffens minsken dy't der folle mear ferstân fan ha, leit foar it Frysk de takomst yn Brussel. Dêr is de ponge mei jild foar 'minderheden' sa as wy binne.

Ik wit net hoe't dat mei jimme is, ik krij der wat in unheimish gefoel by. Dat soe ynhâlde dat de lju dy't foar har berop lobbye foar it Frysk, yn Den Haach oerstallich binne? It sil allegearre wol sa wêze.

Echt wichtige saken dy't der wol ta dogge spylje harren op dit stuit ôf, by ús yn it stikje lân. Mei blidens kin ik jim melde dat ien fan myn guozzen har deljûn hat op in stik as tsien aaien. It is oan de lette kant, mar se sit no as in hûs sa fêst.

Beret as wy hjir yn de omkriten binne, ha ik daliks maatregels naam. De troch de midden flekste jarretenk, dy't as drinkbak fungearret, moat aanst oan de râne ta fol. Wêrom? Omdat jonge guozzen dommer as it efterein fan in baarch binne. Se prestearje it om yn fiif sentimeter wetter te fersûpen. No pomp ik altyd reinwetter yn dy bak, mar de winter hie my by de poat. Pomp beferzen, overleden. Dus is der in nije dompelpomp oan de kolleksje taheakke.

As der nijs is oer jonge guozzepiken? Stikelstekker sil it melde. Mei foto.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen