Cambuur as ôffalputsje?

Supermerkfoarsitter Veenstra fan SC Hearrenfean liket gearwurking tusken Cambuur en It Feen in goed alternatyf foar... Ja, ho mar.
Yn in ideale wrâld soenen de beide Fryske BVO's fansels gearwurkje moatte. Riemer van der Velde hat der ek wolris in baltsje oer opsmiten, mar joech him daliks del doe't er hearde hoefolle sentimint der libbe. De jeugd fan Ajax en Feyenoord kombinearje sil ek nea wat wurde.

Stel ik soe Cambuur supporter wêze? No, dan wie ik der gau klear mei. It komt der dochs yn 'e regel op del dat alles dat in bytsje knap balskoppe kin, nei de grutste fan de beide klups giet, wêrtroch't de oaren it gefoel krije om as ôffalputsje te fungearjen. Sels as it mei jeugdspilers te krijen hat. De direkteur fan Cambuur hâldt de boel dus ôf, en dat snap ik wol.

Sterker, it bloed soe my sûpe wurde as ik Cambuur oanhinger wie. Dêr ha je dy arrogante 'zakkevuller' út DKV mei syn grutte bek. Dy sil hjir de saak ek wol efkes regelje? No, never!
De foarsitter fan It Feen set de saak dus op skerp. It soe my neat ferwûnderje as der samar in kear yn de krante stiet dat ûnder in jeugdwedstriid tusken It Feen en Cambuur 'supporters' elkoar yn it hier flein binne.

Veenstra hat gelyk. It soe moatte, foar de ûntjouwing fan it fuotbal yn Fryslân. Gearwurkje. Mar de folchoarder is net goed. De grutste dy't seit hoe't se it ha wolle soarget foar argewaasje. As Spinder fan de Harkema dit op it aljemint brocht hie, wie der oer te praten west. As it der no op dizze wize trochdrukt wurdt, bliuwt it skjirjen en wringen.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen