Hoereglossy

It wurdt heech tiid, fine jimme ek net?

Foppe hie der al ien, Linda docht it al in skoft. En no't sels de dames van plezier in glossy krije, fyn ik dat it momint kaam is dat ek de Fryske skriuwers in eigen glossy ha moatte. Ik freegje my wol ôf wat der yn dy hoereglossy stiet. Mar, dekadint as altyd, dy wurdt allinnich yn de Gooise Grachtengordel ferspraat. It sil ynhâldlik fêst net oars wêze as mei de Linda. Gjin ynhâld, dus. Hy is gratis foar de dames sels, dat is dan wol wer moai.

Mar de Fryske skriuwerij hat hjir fansels in grutte kâns. De earste glossy MEI YNHALD.  Net te swier, dan heakje de leave lêzerkes ôf. In protte plaatsjes. Docht it altyd. Al dy ferware woest útsjende wrotters op taalmêd. De rimpels moatte fan it glêde papier ôfspatte. En wat kreaze typkes yn lingerie. Piter Wilkens yn in string, in stúdzje yn tsien swart-wyt foto's fan in net neier te neamen skriuwster, dy't anonym har libbensferhaal ferteld en dat ûnderstreket mei har it troch it swiere paadsje tekene lea. En Speerstra fansels.

Komt hielendal goed. Soe hjir subsydzje foar wêze? It moat gjin griemerij wurde, dit úthingboerd foar de Fryske skriuwerij. Earst mar ris by de VVD oan.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen